Teater as spegel foar museumpublyk

MONIQUE FLINKER –  Musea en teater. Twa keunstfoarmen mar dochs in wrâld fan ferskil. Dêr’t besikers fan in museum sjogge nei keunst dat al klear is, wurdt it publyk yn in teater meinaam yn it proses. De foarstelling wurdt net allinnich belibbe, mar ek besjoen. Keunstner Caro Kroon en dramaturch Hans Brans út Ljouwert ferwurkje […]

Leaver slyk as ryk

RYNK BOSMA –  Mei it slyk oan de fuotten, in koptelefoan op de holle, want it is ‘stiltegebied’ dêr’t je ynkomme ûnder Holwert, giet de mins as fansels troch de knibbels. It waad spried syn wjukken út tsjin in himel dy’t nea gelyk eaget en ek nea gelyk is. Sels it jildmonster fan de NAM […]

Dette Glashouwer en ‘It Jild’

HENK VAN DER VEER –  Swalk komt dit jier mei in nijsgjirrich programma oer it aktuele tema ‘Jild’, fol Fryske muzyk, teater, keunst, ferskate lokale talintfolle gasten én Dette Glashouwer. Sa ronkt de kleurige folder dy’t de produksje oankundiget. Dette Glashouwer? Dé Dette Glashouwer? Dy fan Suver Nuver? Jawis! Henk van der Veer prate foar de Moanne mei […]

Drachtster toaniel op film (sa. 1955)

RIK KLAVER & SYDS WIERSMA –   Doe’t Roel Oostra (Easthim, 1921) yn 1962 frege waard om direkteur fan de Drachtster skouboarch De Lawei te wurden, wie er banketbakker. Hy siet yn de saak fan skoanheit Engbert (Emmy) van der Meulen, neffens de ferhalen de bêste banketbakker fan Drachten en omkriten. Mar eins wie Roel […]

Muzyk as fersterking fan spul en dekor

INEKE RIENKS –  Hy is dosint en projektcoach op de Popacademie yn Ljouwert, spilet yn bands, makket syn eigen muzyk ûnder de artystennamme Hilbrandt, foarmet ûnderdiel fan it kollektyf Heksenhamer en is wurksum by Tryater. In drok bestean, mar foaral hiel leuk om allegearre te dwaan, sa fertelt Laurens van der Meulen. By Tryater is […]

Iepenloftspul Jorwert: gjin fijne famylje

ELSKE SCHOTANUS –  Is it iepenloftspul fan Jorwert by definysje in feestje en as it waar meiwierret is it dat noch folle mear. It is op in moaie simmerjûn dat de foarstelling fan 2015, ‘Augustus’ yn premjêre giet. Under in strakblauwe loft tûmelje de sweltsjes boppe de notaristún dêr’t it barren foar de 62e kear […]

Keunst op nije lokaasjes yn Ljouwert

TSJOMME DIJKSTRA –  Wa’t it oanbod oan kultuer bylâns giet, kin net oars konkludearje: yn Ljouwert binne keunstsinnige inisjativen by de rûs. Yn tal fan hoeken fan ’e stêd wurde hjoed-de-dei ynnovearjende aktiviteiten opset. Fan ‘ienmalige’ festivals ta eksposysjes dy’t in poadium oan ferskillende keunstfoarmen biede: de fariaasje is grut. Inisjatyf ta fernijing is der […]

‘Jeugdteaterskoalle Meeuw nei 25 jier faktor fan betsjutting yn Fryslân’

FROUKJE SIJTSMA –  Jeugdteaterskoalle Meeuw yn Ljouwert fiert dit jier syn 25-jierrich bestean. Der wurdt dêrom ûnder oaren grut útpakt mei de bysûndere foarstelling ‘De Dansavond’, yn gearwurking mei twa oare jeugdferienings. ‘Meeuw is net mear fuort te tinken út Fryslân’, seit regisseur Hilde Mulder grutsk. Yn 1990 rjochte se tegearre mei Goaitsen Eenling de […]

Bûten de lijntsjes mei Quinten Rijnja

MARRIT DE SCHIFFART –  It toverwurd foar berneteater yn Ljouwert? Lef. Teminsten, dat fynt Quinten Faust Rijnja. Yn septimber sette hy útein mei Faust Kindertheaterschool Leeuwarden. Mei hert en siel bringt er bern fan 5 oant 12 jier yn oanrekking mei toaniel, sang en dûns. Wêrby’t er it leafst op of bûten de kaders wurket. […]

Kettingreaksje: Tineke Fopma

TRYATER –  Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Tineke Fopma in fraach fan Rixt Bottema. Sy frege: ‘Tryater hat yn de 50 jier fan har bestean in hiele protte foarstellingen makke. Do wurkest al 33 jier by Tryater en hast dus al in hiele protte foarstellingen meimakke. Hokker foarstelling […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.