Grutte Pier fan Kimswert, de try-out

MARRIT DE SCHIFFART – 

De hiele stoet yn it swart, de tromme slacht. De Arumer Swarte Heap is op ‘en paad. It publyk rint der achter oan: eefkes fierderop stiet de tribune. De twadde try-out fan ‘Grutte Pier fan Kimswert’ kin begjinne.

Begjin 16de iuw wurdt boer Pier Gerlofs Donia slachtoffer fan in oarloch. De Saksen brâne syn pleats ôf en syn frou en soan komme om. Op syn dochter nei, is hy alles kwyt. Ek syn bisten binne dea. Pier wol wraak. En dus set hy it rebelleleger Arumer Swarte Heap op en fjochtet tsjin de Saksen. Dêrby brûkt er in protte geweld.

 

Pier Gerlofs Donia, spile troch Hilbert Dijkstra, makket grutte yndruk. Hy kin mei ien eachopslach mear as tûzen wurden sizze.

 

Dat is rûchwei it ferhaal fan Grutte Pier. Folle mear witte wy ek net. It moat dus net maklik west hawwe foar PeerGrouP om der in iepenloftspul fan te meitsjen. Skriuwer en regisseur Dirk Bruinsma keas derfoar om de emosjonele kant út te djipjen: wat docht haat mei in minske? Dat is de sintrale fraach. In fraach dy’t hjoed de dei aktueel is. En in fraach dy’t de taskôger ûnder it stik – en letter ek thús noch – troch de kop spylje sil. In moai by-effekt. Oan de oare kant, it ferhaal krijt troch dy kar net echt feart. De taskôger dy’t in rôvjende en moardzjende Grutte Pier ferwachtet komt bedragen út.

 

Oertsjûgjend spul
Pier Gerlofs Donia, spile troch Hilbert Dijkstra, makket grutte yndruk. Hy kin mei ien eachopslach mear as tûzen wurden sizze. Ek de oare spilers – wêrûnder Tamara Schoppert as Pier syn frou Rintsje – spylje harren rol oertsjûgjend. Nynke Heeg dy’t Carolien van Gelre spilet fuorret de haat fan Pier op masterlike wize. Spitigernôch is by guon spilers wol dúdlik te hearren dat se yn it gewoane libben gjin Frysk prate.

‘Grutte Pier fan Kimswert’ spilet him ôf op in stik lân oan de eastkant fan it doarp: it lân fan Osinga. In toplokaasje, ek om’t hjir de pleats fan de Grutte Pier froeger stien hat. De ‘skyline’ fan Kimswert, foarmet in prachtige achtergrûn. It dekôr is fernimstich betocht. Beamstammen steane rjocht oerein yn ’e wiete klaai en fungearje as fan alles en noch wat. De muzyk, fersoarge troch de bandleden fan Heksenhamer, past as in jas. Dat jildt ek foar de kostúms dy’t ûntworpen binne troch Marin de Boer. Spektakulêr binne it fjoer, de reek en it ymposante hynder dat yn ’e skimerjûn prachtich útkomt. Troch yn in spannende sêne midden yn de arena del te pisjen, bringt it bist de humor yn it stik dy’t eins troch it wat flauwe personaazje Annie ynbrocht wurde moast. Dizze frou, spile troch in man, is foar it ferhaal alhiel net wichtich. En ek har funksje as komyk docht gjin fertuten. Dan is der noch it rebelleleger dat al sûnt april yn training is foar dizze foarstelling. Respekt foar harren úthâldingsfermogen, se freegje in soad fan harren lichem yn in foarstelling dy’t sa’n oardel oere duorret.

 

Trijelûk
‘Grutte Pier fan Kimswert’ is ûnderdiel fan in trijelûk. Yn 2015 brochten PeerGrouP en de Kimswerters de ienmalige happening ‘Grutte Pier – De Brân’ en yn 2017 stiet de kleastertoernee ‘Grutte Pier – De Besinning’ op it programma. Alles mei elkoar in prachtich kykje yn it libben fan de man dy’t foar nimmen bang wie om’t er neat te ferliezen hie.

 

De premiêre fan Grutte Pier fan Kimswert is op freed 2 septimber. Dêrnei is de foarstelling hast de hiele moanne septimber noch te sjen. Sjoch foar tickets op gruttepier.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.