fotografy: Jan Bensliman

Fan ‘do ek!’ nei it doek

RYNK BOSMA – 

Echt maklik wurdt it de taskôgers fan Doek! net makke, mar ja, it is in stik oer it libben sels en wa sil sizze dat it libben maklik is. Sa’t de tiid foarby fleant yn in libben, giet dat eins ek op foar Doek!. Yn ‘e achtbaan op wei nei it doek, dit kear yn de betsjutting fan it ein of just net. It giet allegearre tige rap, je sitte noch net op de iene hichte of it karke fleant al wer nei beneden en ien kear dêr bedarre is der hast gjin tiid om efkes syk te heljen, djip ynasemje en dan wer omheech. En eltse kear dat nuvere gefoel yn de mage. Foar guon minsken wie dat wol wennen.

 

Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra spylje harren rol mei de alluere fan in pronkjende parrebeam yn de betide maaitiid.

 

De ferrassing fan it teaterdoek stiet op it spul foar twa akteurs. Giet it iepen of giet it foargoed ticht. Mei in bytsje taalgefoel kin je yn it Frysk ek sizze fan do ek! En dan ha je de bril opsetten fan Richard dy’t minsken eins brûkt as rekwisiten fan in toanielfoarstelling, ien kear brûkt binne it deade dingen sûnder funksje krekt as de ynhâld fan de swarte kontener op moandeitemoarn. Want eins draait de wrâld om akteur Richard en syn grutte leafde fan eartiids Lies dy’t nei tsien jier wer tegearre op it toaniel steane. Richard wegeret yn te sjen dat minsken ek in oare kar yn it libben meitsje kinne lykas Lies dien hat.

It is de kar tusken ‘emoasjonele elite’ of ‘dressearde aapkes’ wêze. Do as akteur hast macht oer hoe’st ‘minsken nei hûs ta’ bringst, sa stelt Richard oan de ein teatraal. Do as akteur kinst de ‘hekken om de berneherten’ fan de besikers ôfbrekke sadat sy nei in foarstelling it bern wer yn harren sels talitte of fiele.

Prachtich sein fansels, want oan skerpe en sterke dialogen gjin brek yn dizze moaie troch Gurbe Dijkstra oersetten foarstelling. It bakje fan de achtbaan wurdt yn de ferve setten troch Richard yn de kleuren fan ‘froeger wie miskien wol alles spannender en echter’. Fervekleuren fertind troch de dampen fan wodka. Mar de ûnderlizzende boadskip fan Richard is eins: do ek! Do moatst foar my en myn wize fan libjen kieze, sa is syn boadskip yn in libben dat faker as ien kear in ein fynt op de stretsjer yn de fêste kroech fan Wim en Annie. Gjin inkel each foar it dochs lokkige libben fan Lies. Dochs jouwe de bakjes fan de achtbaan op harren heechste punt moaie en foaral humoristyske bylden fan hoe’t harren libben der ea útseach. Oan de nachten kaam gjin ein, it libben as in parrebeam en de parren wienen foar it gripen, sa like it… en dy beam soe nea útbloeid reitsje, sa like it ek.

Tamara Schoppert en Hilbert Dijkstra spylje harren rol mei de alluere fan in pronkjende parrebeam yn de betide maaitiid. Se ha it harren sels ek net maklik makke mei dit ‘akteursferhaal’. Formidabel aktearwurk fan Schoppert en Dijkstra dy’t beiden op prachtige wize, en mei gefoel foar timing de nuvere ‘haarspeldbochten’ fan harren stimmingsfolle rollen witte te nimmen. Miskien hie de sjarme fan Richard wat swierder oansetten wurde moatten, want no siet der yn elk aardich bedoeld ‘verbaal’ blomstik wat hy útdielde wol in brânnettel. It is in lyts feal hjerstbledsje yn it prachtige hjerstbosk dat Doek! hjit. In spannende teaterreis dy’t fan ‘do ek!’ nei it doek reizget.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.