Boarkumer fjoer ticht by de minsken

RYNK BOSMA – 

As je mei in Blazer of in Aak foarby it Boarkumer fjoer op de skolfjilden de netten útgoaiden, dan wienen je as fisker fan Moddergat fier fan hûs en dat wie net sûnder gefaar. Sa docht bliken tidens it iepenloftspul ‘Foarby it Boarkumer fjoer’ op it Stinzeterrein yn Mitselwier wêr’t ea Unia State stie. No stiet der in mânske seedyk as it hearskjende dekôr dat de minsken werom bringt nei de lêste tweintich jier fan de njoggentjinde iuw.

 

Mitselwier bewiist hjir mei hoe’t it sa faak benammen troch idele politisi ferkeard brûkte moadewurd mienskip noch in echte betsjutting krije kin.

 

It is in moaie en tagelyk driigjende eftergrûn dy’t de minsken yn harren krewearjen om in stikje bôle yn it skaad set. Ommers de natuer makket of de minsken wat fertsjinje of net. It twillingdoarp Paesens-Moddergat ferhuzet foar efkes nei Mitselwier. It is in klassyk leafdesferhaal mei de ynslach fan in Grykse tragedy dy’t de minsken sjogge. Fjochtsje foar in dream fan in eigen boat mei de wyn tsjin, roeie tusken eb en floed yn. Lânbou of fiskerij, dat is de tsjinstelling en yn it swart-wite wrâldbyld fan boer Minne Holwerda is it hiel ienfâldich: ‘It lân jout en de see nimt’.

Dat alles wurdt op luchtige wize stâl jûn yn it earste part fan de foarstelling, ek al is it benammen yn it begjin efkes wenne foar de spilers. It sille de senuwen fan de earste kear wêze. Mar geandewei komt it op gong, heit Rimmer dy’t efter syn dream fan in eigen boat oanrint mei de bedoeling dit oer te dwaan oan ‘oerwinneling’ Botte dy’t hy as syn eigen soan sjocht. De te hurde mem Swaan dy’t it allegearre mar sa sa fynt, dy fiskerij. Pake Minne Holwerda dy’t dreamt fan Botte as opfolger op de buorkerij en in geheim dielt mei dochter Swaan.

Mar ek de hurdheid fan de minsken yn in lytse mienskip komt op it aljemint, wêrby’t it leauwen beheind bliuwt ta de moaie útspraak ‘Hoe frommer de geest, hoe grutter it beest’. In lytse mienskip dy’t de grutte wrâld bûtendoar hâlde wol mar dat slagget úteinlik net. Mei de fiskerij giet it troch de Ingelske ‘trawlers’ dy’t de see leech fiskje hieltiten minder. De buorkerij komt ek yn de lytse loege troch de delgeande lânbouprizen en pachtprizen. It is fjochtsjen tsjin in feroarjende tiid wêrby’t de minske him fêsthâldt oan it wrakhout fan it ferline.

En dan wurdt it 6 maart 1883, de fiskersfrouwen en âlde fiskersmannen steane op de dyk lykas ea de ynwenners fan Troje om te sjen nei de striid dy’t oer harren lot beslisse sil. By Troje gie it tusken minsken, op de seedyk gie it tusken minske en see en dat koe de fisker foarby it Boarkumer fjoer op de skolfjilden nea winne fansels. In driigjend en ferrassend dekôr mei bypassende muzyk. Mei tema’s sa swier as de klaai fan de omjouwing.

Dat alles bringt dizze foarstelling ticht by de minsken. Werkenbere, hoekige minsken dy’t stâl jouwe oan in bekend ferline mei in soad dramatyk. It ferline fan de Ramp heart by de omjouwing lykas de fiskershûskes op de Oere by Moddergat hearre. En dat is de krêft fan de ynstek fan de Stichting Iepenloftspul Mitselwier. Gjin Shakespeare, Tennessee Williams of Arthur Miller, mar gewoan it sa dramatyske ferhaal fan Paesens-Moddergat dat op de drompel foar de doar leit. Sa’n hûndert frijwilligers fan Mitselwier jouwe sa stâl oan it eigen ferline. Mitselwier bewiist hjir mei hoe’t it sa faak benammen troch idele politisy ferkeard brûkte moadewurd mienskip noch in echte betsjutting krije kin.

 

‘Foarby it Boarkumer fjoer’ is noch te sjen op 10, 15, 16 en 17 septimber.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.