• 25 september 2014

    Juster binne de earste gedichten fan it projekt Poetic Potatoes ferstjoerd nei Malta. Under tafersjoch fan Deputearre Jannewietske de Vries en boargemasters Krol en Crone is in jirpelkistje mei gedichten fan Hein Jaap Hilarides, Gryt Witbraad, Tjitte Piebenga, Sito Wijngaarden, Remco Kuiper, Sytse Jansma en Willem Schoorstra yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk op transport set nei Valetta. Poetic Potatoes is in projekt fan de Stichting Bildse Aardappelweken yn [...]

  • 13 augustus 2014

    REMCO DE VRIES -  Jaap Krol komt as ienichste fan de dielnimmende dichters en skriuwers mei in eigen auto en in eigen reinbroek. It waait behoarlik hurd en de Sleattemer Mar hat in reputaasje wier te meitsjen as in mar dêr't je dat goed fernimme. Marrekritefrijwilliger en skipper Sjoerd Groen hat syn reade sylpak al oanlutsen foardat hy yn Wâldsein syn sloep yn stapt. Groen [...]

  • 5 augustus 2014

    REMCO DE VRIES -  It hûs fan Elmar Kuiper sit fol. Fol mei bern. Net ien of twa, mar echt in hiel soad. En oan ’e muorre hingje tekeningen. Tekeningen dy’t troch bern makke binne. ‘Wiene dat allegearre dyn bern?’, freegje ik him letter wat skruten. ‘Nee, der wiene ek bern út it doarp by. Wy ha der fjouwer’, seit hy yn in greide oan [...]

  • 30 juli 2014

    REMCO DE VRIES -  Dichteres Ellen Deckwitz hat in soarte fan argeleasheid oer har wêrtroch’t sy har as in bern fernuverje kin oer de wrâld om har hinne. Dat falt op. En hielendal as dy wrâld sa gewoan is as de Hegemer Mar dêr't ik safolle syld en fiske ha. Mar foar Deckwitz is it allegearre folslein nij: ‘Ik ga er wel vaker in mijn [...]

  • 23 juli 2014

    Bêste Hadeskabir*, Nea net nei Lissabon west, mar yn de gedichten fan Jan Jacob Slauerhoff ha ik stadichoan aardich meters makke. Seit syn namme dy yn Portugal wat? De man is ien fan de bekendste en meast wurdearre dichters fan Nederlân. Berne yn Ljouwert, lang lyn, septimber 1898. Ald is er net wurden, 38 mar. Krekt like âld as ik no bin. In grutte leafhawwer [...]

  • 22 juli 2014

    REMCO DE VRIES -  Oardel oere op it wetter. Dêr moat skriuwer en dichter Maarten Inghels út België it mei dwaan. Hy moat der ek noch acht oeren foar yn de trein sitte mei fjouwer oeren hinne en fjouwer oeren werom. En as ik him net op tiid yn Ljouwert krij, wurdt it in lange rit mei him nei Antwerpen ta. Al is it gjin [...]

  • 3 juni 2014

    Yn opdracht fan de Marrekrite lansearret de Moanne it projekt 'De Marboei'. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz en Jaap Krol skreaunen op ’e mar in gedicht. It gedicht is mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar. Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichteres Ellen Deckwitz op de [...]

  • 27 december 2013

    DRIJPIKKEL - Stiest de hage te knippen, de boadskippen yn ‘e auto te laden of te wachtsjen foar it stopljocht. Ynienen stiet der in man njonken dy, dy’t begjint tsjin dy te praten. Tinkst: ‘Wat wol dy malloat? Wêr giet dit oer? Wurd ik hjir yn de maling nommen? Soademiter op, man.’ Of tinkst miskien: ‘Wat seit er no? Wat aardich.’ Mar dan is er [...]

  • 30 oktober 2013

    ABE DE VRIES -  Yn de twatalige, fan etsen en muzyk foarsjoene bondel Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers fan Tsead Bruinja – in gearwurkingsprojekt mei byldzjend keunstner Mirka Farabegoli en muzikante Femke IJlstra – stiet op side 29 it gedicht ‘Beafeart / Bedevaart’. Dit is de Fryske tekst:   Beafeart der moat earne in boarstebegraafplak wêze in lêste rêstplak foar ús memmen susters en froulju harren ôfsnijde [...]