Vida triste

Bêste Hadeskabir*,

Nea net nei Lissabon west, mar yn de gedichten fan Jan Jacob Slauerhoff ha ik stadichoan aardich meters makke. Seit syn namme dy yn Portugal wat?

De man is ien fan de bekendste en meast wurdearre dichters fan Nederlân. Berne yn Ljouwert, lang lyn, septimber 1898. Ald is er net wurden, 38 mar. Krekt like âld as ik no bin. In grutte leafhawwer fan syn wurk bin ik frjemd genôch noch net wurden. Frjemd, omdat de wurdearring foar Slauerhoff op dit stuit suver universeel op my oerkomt. Asto immen in dichtbondel kado dwaan wolst, dan is in bondel fan Slauerhoff in kreaze opsje. Der steane hjir in stikmennich yn de kast. “Op een droom scheepgaan”, “Op aarde niet en niet op zee” …

Op fersyk ha ik wolris gedichten fan him foardroegen. In kear mocht ik yn de stedsskouboarch sa’n fers foardrage. Dat wie by in optreden fan fado-sjongeres Nynke Laverman, dy’t foar har songen Slauerhoff-teksten in grutte kultuerpriis krige.

Rotfersen fyn ik it, om te resitearjen. Sa helder en betochtsum at se ûnder it lêzen oerkomme, sa stiif en flau lêze se lûdop. It sil him ek oan my lein ha, hear, earlik is earlik. Slauerhoff is ferdikke net oan te ûntkommen, foar in dichter net alteast, en wis net foar ien út Ljouwert. Dat ik wachte oant it publyk útblaft wie (dat woe Nynke hearre fansels, en net in gedicht fan dy ivich seesike Slauerhoff) en doe ha ik it suver yn slowmotion – as in man oan de falium – útstavere. Einlings in publyk dat myn wearze neikomme koe. En wat barde der? Grut applaus.

“I had no idea that Fado was famous in the Netherlands. I just listened to some songs of Souldada, it doesn’t really sound like Fado because it is too cheerful and Fado is more gloomy.”

De redaksje fan La Luna skikte my ferline wike in boek ta, “Vida Triste – Slauerhoff en de fado”. De skriuwer, Nout Van Den Neste, wennet en wurket yn Lissabon, miskien hasto him wolris omstappen sjoen. Sterker noch, asto ea ris fan doel wêze soest en lear Nederlânsk, dan kinsto by him terjochte, hy jout Nederlânsk as frjemde taal yn it folwoekseneûnderwiis. Mei syn boek besiket er Slauerhoff syn relaasje mei fado en saudade yn kaart te bringen en dêr noch wat bestekliks oer te sizzen. Fiif dagen lêzen ha ik der oan hân. Dat hie flugger kinnen, mar de bern leinen seesiik op de bank te spuien en der bliuwt wat oan de grutte, deade dichter dat my net oanlokket. En witst? Altiten miende ik dat dat te krijen hie mei de automatyske foarleafde dy’t lju foar syn fersen ha. Elk kin soks wol sizze, men hoecht dêrfoar gjiniens doel oer de matearje te hawwen, it wurdt ompappegaaid. Datte, of dy kreaze, stive foarmen fan doedestiids, dat rymjen. Hoe naturel at in dichter ek rimet, ik krij der meastentiids jokte fan. No’t ik Vida Triste lêzen ha, begryp ik wol dat it hiel wat oars is dat my yn it paad sit.

Van Den Neste nimt syn tiid, speurt, redenearret as in wittenskipper, siket bewizen foar de status, de ynfloed en de populariteit fan Slauerhoff. De poëzije sprekt foar himsels, mar dat in Portugeeske fadosjongeres lykas Cristina Branco yn 2000 in cd mei bewurkingen fan Slauerhoff-fersen makket, dat seit pas wier wat. Dêrmei en dêrnei waard jimme Portugeeske fado op Nederlân loslitten, en Jantje Slau, de nostalgyske, mankelike skipsdokter, waard ‘seksy’. Us dichter yn it Portugeesk, soks makket ús grutsk. En jimme fado tierend yn Nederlân, soks makket jim grutsk. Wy jouwe ússels in klopke op it skouder, sa wiis mei wat wy fuortbrocht ha.

Nei Branco makke Friezinne Laverman har fado-album mei Slauerhoff yn it Frysk. Mear as 40.000 platen binne dêrfan ferkocht. Doe’t wy inoar troffen, Hades, bespriek ik krekt in album fan Souldada, ek sa’n groep fan hjir dy’t him ynspirearje liet troch jimme erfgoed. It langjen om it langjen. De tragyk fan it nea berikken. Dat net oer te setten mankelyk genietsjen, dat ‘saudade’.

Fansels is it wurd oer te setten, it gefoel te omskriuwen. Mar jim steane dat net ta. Hieltyd krekt as men yn in oare taal in geskikte wjergader fûn hat, is der wol in Portugees dy’t in ekstra nuânse oan it wurdgefoel taheakket, ha ha! Humor. Saudade, dat is in wurd dêr’t men hearlik omhinne neuzelje kin. Mar men rekket nea tichter by de kearn.

Hasto de film Midnight in Paris sjoen? De haadpersoan is yn Parys, mar soe folle leaver yn it Parys fan de jierren tweintich wêze. De gloarjejierren fan de ljochtstêd. In filmyske fynst bringt him nei Hemingway en Picasso. Prachtich – en dan docht bliken dat se yn de jierren tweintich foaral langstme hiene nei de jierren 1890, de Belle Epoque, it Parys fan Gauguin, Degas, Henri de Toulouse-Lautrec. Dêr siet ik allyksa, fannewike, te lêzen yn it Ljouwert fan 2014, en ja, temûk langst nei de tiid dat in dichter ‘in Slauerhoff’ wêze koe. Ik lies, longerjend nei in ferline, oer hoe’t Slauerhoff longere nei in noch djipper ferline.

It ferline is ‘een verboden rijk’, seit Van Den Neste. It kin ûnmooglik as takomst weromkomme. Slauerhoff fûn dat prachtich. Hy boude yn syn gedichten in romte sûnder tiid. It idealisearre ferline wie de haven dêr’t er oanlizze woe. Hy skreau oer histoaryske personaazjes, mar sette dy nei eigen hân. Hy pakte Portugal en Lissabon, dichte dêr syn eigen lân en stêd fan. It ferline wie him wiete klaai. Hy pakte fêste foarmen en foarme dy om ta sprekkende rigels, mei rimen, skynrimen en klanken dy’t boartliker en ynstinktiver binne as dat se yn de eagen fan in 21ste-ieuske lêzer lykje.

Langje sûnder befrediging. Langhalzje sûnder bestimming. De nostalgy opblaze ta mytyske omfang. Dat werkende hy yn Saudade. Yn de teksten en de meldijen fan de Fado. Yn de fergiene gloarje fan Portugal en de stêd Lisboa, in echo, “eens stad der steden die ’t verleden voortsleept in ’t heden”.

Dan komsto my ek yn it sin, Hades. Datsto út Lissabon werom nei dyn âlders gongst, om te helpen nei’t jim heit syn baan kwytrekke. En dêrnei wiest dyn eigen baan kwyt. En hoelang asto al om wurk sikest. Oer de grinzen sjen moatst. En hoe’t it dy somtiden oangrypt, hoe’t de krisis om dy hinne húsmannet, yn dat ivich delstoartende, ûndergeande wrak Portugal.

Do hast gjin ferlet fan in ideaal ferline om nei te langjen, wol? Do bist in takomst nedich. Hjir krekt itselde, hear! En dat is it faaks. Slauerhoff is dea, en hy wie al sa in dichter fan it ferline. Hy hong de poète maudít út. En dat, sa lês ik yn dit boek Vida Triste, wie ek nochris in ‘pose’. Van Den Neste ûntmytologisearret de dichter, hellet him út de sfear fan it melodramatyske, mar lit syn poëzije yntakt. En it binne -ja- knappe, mar ek wat oanstellerige (lol), fersen.

Oare kear mear, oer dyn favo fadista Mariza en dichter Fernando Pessoa dêr’tst my oer ferteldest, dy komme ek yn it boek werom…

Hoe tuolje de klokken yn it Suden?

Hertlike groet,
Arjan Hut

 

* Hadeskabir is de foarumnamme fan in jonge Portugees dy’t net yn ’e gaten hat dat er skriuwer is. Wy binne freonen wurden op Skype.

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014),  2 (april) s. 40-41.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.