‘Ik tocht no is it einde oefening.’

REMCO DE VRIES – 

It hûs fan Elmar Kuiper sit fol. Fol mei bern. Net ien of twa, mar echt in hiel soad. En oan ’e muorre hingje tekeningen. Tekeningen dy’t troch bern makke binne. ‘Wiene dat allegearre dyn bern?’, freegje ik him letter wat skruten. ‘Nee, der wiene ek bern út it doarp by. Wy ha der fjouwer’, seit hy yn in greide oan de westkant fan de Swarte Brekken dêr’t ik him hinne riden ha.

Op it lêste stikje nei de Brekken ta ride wy oer in reed nei de pleats en minikemping Synneveer. Op dy reed ride wy foarby oan kunde fan Kuiper. Samar op in reed by Snits wêr’t je soks net ferwachtsje. Wat je dêr ek net ferwachtsje, binne alpaca’s. Mar dizze berchlama’s út Peru rinne der al om. En it nuvere is dat ik in soarte fan opblaaskajak achter yn myn auto ha mei de merknamme ‘Alpacka Raft’. Der stiet ek noch in ôfbylding fan in alpaca op! It tafal sa’t wy it kenne, hat hjoed in snipperdei opnaam, sa liket it.

‘It alderaardichste wie dat ik wer werom soe, mar it boatsje net mear werom fine koe. Ik hie gjin mobyl by my en ik tocht no is it einde oefening.’

De opblaaskajak ha ik mei omdat ik sa gau gjin gewoane boat regelje koe om Elmar yn kontakt te bringen mei it plak dat him ynspirearje moat ta in bydrage dy’t past by de Swarte Brekken. En hoewol’t ik net tocht hie dat hy der safolle foar oer ha soe, peddelet de dichter, skriuwer, keunstner en filmmakker eefkes letter mei de raft oer de mar. In goeie trije út it easten waait tsjin it heech op it wetter driuwende boatsje. De dichter liket op wei te wêzen nei it eilân oan de oare kant. Dêr stapt er út en sleept it boatsje de wâl op. Dêrnei rekket hy út it sicht en dat bliuwt bêst lang sa. Ik ha gjin nocht om oan de famylje út te lizzen dat ik harren heit en freon mei myn reade Alpacka Raft kwytrekke bin.

Gelokkich makket in lyts read stipke him los fan de reiden dy’t fierderop de hoarizon markeare en peddelet in sa op it each blide Elmar Kuiper moai foar de wyn werom. Mei fêste grûn ûnder de lange skonken leit hy út wêrom’t it sa lang duorre: ‘It alderaardichste wie dat ik wer werom soe, mar it boatsje net mear werom fine koe. Ik hie gjin mobyl by my en ik tocht no is it einde oefening.’ Hy is fan alles tsjin kaam op it eilân. ‘Ik ha in part fan mysels werom fûn dêr, soest sizze kinne’, seit er laitsjend. Dêr wol ik ek oer skriuwe, yn de foarm fan in brief. Ik fûn dêr fierder útbrieden guozze-aaien en ljippen mei piken, boumantsjes en in hiel soad reid.’

Fan de fjouwer skriuwers en dichters dy’t frege binne om wat te meitsjen by it plak fan in saneamde marboei wie hy de ienichste dy’t in foarkar útspruts. En dat Kuiper keas foar de Swarte Brekken wie gjin tafal: ‘Ik bin eins in Snitser fan berte en myn heit is hjirachter grut wurden. Dus ik ha wol wat mei dit lânskip.’ Dat dêr no alpaca’s yn omrinne docht der fansels net ta. Dat is tafal.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014), 3 (juny) s. 32-33.#Marb

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.