Wat in fers, oer sa’n ûnderwerp
Publisearre op 30 oktober 2013
ABE DE VRIES –
Yn de twatalige, fan etsen en muzyk foarsjoene bondel Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers fan Tsead Bruinja – in gearwurkingsprojekt mei byldzjend keunstner Mirka Farabegoli en muzikante Femke IJlstra – stiet op side 29 it gedicht ‘Beafeart / Bedevaart’. Dit is de Fryske tekst:
Beafeart
der moat earne in boarstebegraafplak wêze
in lêste rêstplak foar ús memmen
susters en froulju harren ôfsnijde
teesekje c75 of dûbel d
in plak dêr’t se hinne kinne
at se lêst ha fan fantoompine
of genietsje fan fantoomgenot
en wy soannen broers en heiten stilstean kinne
net by it ferlies fan libben
mar fan in hap libben
in oarde dêr’t de boarsten wachtsje
op it wersjen mei de lea
dêr’t se by hearden
netsjes beferzen
balseme
of yn in minuskule urne
der moat earne in begraafplak wêze
foar de grutskens fan ús froulju
in einpunt
foar in beafeart fan molke
lust en fertriet
Yn Stofsûgersjongers steane eleminten sintraal dy’t ek yn earder wurk fan Bruinja sintraal stiene: it jongesferline op it plattelân, de ferstoarne mem, de heit, de huzen dêr’t yn wenne waard, it eigen dichtersbestean, de leafde. Nij is diskear it typografyske boartsjen mei it byld fan it gedicht op papier. Lykwols is de foarm fan Bruinja syn fersen fierhinne ûnferoare bleaun, dat wol sizze, se hawwe yn earste opslach net folle foarm. Meast koarte rigels, in protte wytrigels, dus meast koarte strofen, en in protte werhellingen (ritmyk). It mist my net dat de foarm fan de gedichten taskreaun is op it foardragen derfan: de foarm soarget dat de gedichten op ûnderskate manieren mei ûndersteuning fan muzyk en ritme op poadia nei foarren brocht wurde kinne. Wat Bruinja as faak optredende poëet dus ek in soad docht.
Nostalgy is in wurd dat opkomt by it lêzen fan alle doarpske jongessênes yn Stofsûgersjongers. Hjir ha ik lykwols in gedicht útkeazen dat dêr neat mei te krijen hat. In fers oer boarstkanker. Oer boarstkanker, boppedat, dy’t tichtby komt. Tichterby kin net.
Izersterk is de earste rigel, mei it surrealistyske wurd ‘boarstebegraafplak’. In hôf foar de teesekjes en de dûbele d’s. Izersterk is it, alwer, om út te stellen dat fantoompine ek wolris syn pendant hawwe kinne soe yn ‘fantoomgenot’. In boartlik aksint yn in fers oer sa’n swier ûnderwerp. Yntrigearjend is dan yn strofe trije ‘in hap libben’. Sa’t de poppe yn it boarst ‘hapt’ nei libben, sa hapt de dea it oait libbenjaande boarst fuort. De sirkel rûn meitsje yn trije wurden, dat is ferrekte knap. Ek goed wurket strofe fjouwer, dêr’t de boarsten wachtsje op harren eigen lêste dei, as se de ferrizenis belibje sille en de lea wer sjen sille dêr’t se fan ôfsnijd waarden.
Foar myn gefoel rekket Bruinja dêrnei it spoar wat bjuster. Hoe’t dy boarsten der krekt oan ta binne nei de amputaasje, dat wol sizze oft se beferzen of balseme of yn in lytse urne byset binne, heakket it measte net ta oan de gedachte en de krêft fan it fers. Wól wurket de werhelling, de gearfetting eins al, hiel goed dy’t dêrnei komt:
der moat earne in begraafplak wêze
foar de grutskens fan ús froulju
Mei dy beide boppesteande rigels hie it gedicht wol ta kinnen, liket my. Klear. De trije rigels dy’t dêrnei noch komme:
in einpunt
foar in beafeart fan molke
lust en fertriet
Dy dogge it net foar my. Dat ‘einpunt’ leit ommers tefolle foar de hân en dy ‘beafeart fan molke / lust en fertriet’ der te tsjûk boppe-op. Mar wat in fers. Oer sa’n ûnderwerp.
Tsead Bruinja, Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers (Afûk, Ljouwert 2013)
Kategory
Tags
Abe de Vries, Beafeart, Bedevaart, Femke IJlstra, Mirka Farabegoli, Stofsûgersjongers, Stofzuigerzangers, Tsead Bruinja
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]