‘Echt in fan fan wetter of boaten bin ik eins hielendal net.’

REMCO DE VRIES – 

Jaap Krol komt as ienichste fan de dielnimmende dichters en skriuwers mei in eigen auto en in eigen reinbroek. It waait behoarlik hurd en de Sleattemer Mar hat in reputaasje wier te meitsjen as in mar dêr’t je dat goed fernimme. Marrekritefrijwilliger en skipper Sjoerd Groen hat syn reade sylpak al oanlutsen foardat hy yn Wâldsein syn sloep yn stapt. Groen wit wat der kommen giet. Wy litte it fan de Fryske skriuwer om útens ôfhingje nei hokker marboei wy geane. Der binne der fjouwer.

As wy mei syn trijen it rûzige waar yngeane, is it fansels wol saak dat de útkeazen marboeien der ek echt binne. It docht bliken dat soks gjin garânsje is, want der is ien ferdwûn. De boei oan de eastkant fan de Sleattemer Mar is it tichtsteby, mar leit der no net it meast gaadlik by sa oan leger wâl. It is boppedat ek de boei dy’t samar fuort wie, fertelt Groen. ‘We dachten eerst dat het misschien om studenten ging. Die doen zoiets wel vaker.’ De marboei is lykwols noait mear werom fûn…

‘It is in soarte fan oereangst dy’t it boppe komt út ’e bernetiid. Echt in fan fan wetter of boaten bin ik eins hielendal net.’

Krol kiest foar de boei oan de súdkant fan de mar, it tichtsteby Sleat. ‘Dêr kinne wy de toer goed sjen’, ferklearret hy syn kar foar dizze lokaasje. En mei de toer, bedoelt Krol de toer fan Spannenburg dy’t in rol spilet yn syn ferhaal. ‘Ik ha skreaun oer de relaasje tusken de toer en de boei’, leit Krol út. Hy hat syn bydrage al klear sûnder sels mar op de mar west te hawwen. Dat is in konstante faktor yn syn wurk. Krol hoecht net op lokaasje te kommen: ‘Ik bin echt ien dy’t op in stoel achter in buro ferhalen betinkt. Ik fyn de natoer wol moai en sa, mar ik bin net echt in kenner. Lykas hjoed dat wetter, dat is wol hiel wiet en op en del. Ik fyn it foaral moai omdat it hiel massaal is. It is in soarte fan oereangst dy’t it boppe komt út ’e bernetiid. Mar echt in fan fan wetter of boaten bin ik eins hielendal net.’

De weagen dy’t tsjin de sloep brekke wylst wy healwyn de mar oerstekke, meitsje dat de hoarizon syn reputaasje as fêste streep dêr’t lân en loft elkoar moetsje miskien noch wol wiermeitsje kin, mar it each der op hâlde, is in probleem. It giet krekt lykas de boat hiel bot op en del. ‘Concentreer je op de horizon’, is dochs it advys fan skipper Groen om foar te kommen dat ús gast seesiik wurdt op de mar. ‘Ik fyn alles bêst, salang’t der net oer my hinne spuid wurdt’, heakje ik dêr noch oan ta mei myn gebrûklike takt.

As wy ien kear fêstlizze oan de marboei freegje ik Krol oft der noch in soad ferskil sit tusken syn byld fan de mar doe’t hy it ferhaal thús skreau en hoe’t wy der no by lizze. Krol: ‘Eins sit der gjin ferskil tusken en dat is moai. It ferhaal giet bot op en del. It is net hiel flak. En ik fyn de toan ek hiel moai passen by it waar. It giet oer in frou dy’t sjocht hoe’t in man de boat fêstleit. Mar dy man is lulk. En dat sit ek wol wat yn it wetter fan no: it giet wat op en del.’

Dan wurdt ús petear ûnderbrutsen, want skipper Groen fisket samar in grut stik tou út it wetter. It is de kabelaring fan de sloep dy’t troch it koarte lyntsje tusken marboei en skip losrekke is. Mei wat toutsjes en lyntsjes wurdt de kabelaring sekere. It sjocht der miskien wat minder moai út, mar wy driuwe.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 13 (2014), 3 (juny) s. 38-39.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.