Teare wrakseling mei de leafde

ERNST BRUINSMA – Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize en sûnt dy tiid heart dizze roman neffens my ta de moaiste boeken út de wrâldliteratuer. Oant en mei begjin jierren tachtich wie Byatt behalven romanskriuwster ek noch literatuerwittenskipper en […]

Eppie Dam: ‘Elke dichter is syn eigen streaming’

HENK VAN DER VEER –  Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze rubryk oer út oan de hân fan fyftjin fêste fragen. Diskear is dat Eppie Dam. 1. Besteane der neffens dy op dit stuit streamingen yn de Fryske poëzij? De Fryske […]

De ljedder

SJOERD BOTTEMA –   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, wit beppe it praat altyd geande te hâlden: ‘…se eamele ûnfersteurber troch – ‘kwòòòk?’ – socht de aaien út de jirpelbakjes op ’e souder – ‘kwòòòk?’ – lei sa út […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.