Fideoblog Anne Feddema – 1

Publisearre op 5 maart 2011

‘In miks fan DDR en nijmoadrich guod’

Skriuwer Anne Feddema ferbliuwt de kommende moannen yn Berlyn en hâldt spesjaal foar de Moanne in fideoblog by. Hjirby syn earste bydrage fanút de wyk Stralau.

Stralau is in wyk yn it Berlynske stedsdiel Friesrichshain yn it distrikt Friedrichshain-Kreuzberg, tusken de Spree en de Rummelsburger See. De namme komt oarspronklik fan in doarp dat op dit plak ûnder de namme Stralow bestie. Sûnt 1920 makket Stralau diel út fan Grut-Berlyn.

De ûntwikkeling fan Stralau krige in ympuls troch de iepening fan it treinstasjon Stralow-Rummersburg (Berlin-Ostkreuz), yn 1871. Der fêstigen har om dy tiid hinne ek in protte yndustriële bedriuwen yn de wyk.

Feddema lit mei syn earste fideoblog sjen wat soks opleveret foar de arzjitektuer yn dizze wyk: “In bysûndere miks fan DDR-gebouwen en nijmoarderich guod.”

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels