To do

Publisearre op 25 februari 2011

JAAP KROL –

Muzyk, teater of literatuer, oeral komt yn in minskelibben de klad yn. Foarnimmens, jawis; útfiering, ho mar. Sa doar ik wol te bekennen dat ik op syn heechst ien kear yn it jier nei in toaniel- of oar teaterstik gean, dat ik Beggars Banquet fan de Rolling Stones hielendal net ken en dat ik noch noait wat fan Philip Roth lêzen ha. Foar alle trije jildt dan wol dat se heech op myn ‘to do’-listke stean, of dêr heger op stean moatte, mar tagelyk wit ik dat de kâns krekt sa grut is dat it net bart. Gjin tiid, gjin jild, gjin nocht.

Hoe grut at de skea miskien ek is, in bytsje antikwariaat kin dy foar in skytbedrachje noch altyd oan in hiel bysûnder boek helpe. Sa ha ik lêsten foar noch gjin trije euro in pocketedysje kocht fan Naar de vuurtoren (To the lighthouse) fan Virginia Woolf, mei it doel it ek te lêzen en der net op trijekwart in boekelizzerke yn te skowen en it dêrnei achteleas op tafel te lizzen, om sa yndruk te meitsjen op myn delkommende freonen. Ik ken de klassikers hiel goed: stiet der by ien de giele Querido-útjefte fan Verzameld werk fan Kafka yn de kast, dan stiet er dêr trochgeans mar wat giel te wêzen – lykas Misdaad en Straf, Oorlog en Vrede, Honderd jaar eenzaamheid,The Sound and the Fury, Der Mann ohne Eigenschaften en alles fan Sartre.

Dat lêzen ha ik dus dien en dat lêzen wie oars net as in hiel spesjaal barren. Hoe sizze je dat, ôfgeande op de ferteltechnyk, de foarm, de sfear en de tiid (1927) doe’t it útkaam?
Dat sizze je eins net, want klassikers binne hast net út te lizzen. Wat minder at jo der fan witte, wat better at it útleit ommers. Wol fûn ik Naar de vuurtoren in hiel spannend boek, dat, hoewol’t der neat spektakulêrs bart, syn driigjende en soms yntimidearjende sfear oant de lêste side fêsthâldt.

It wie krekt of waard ik der folwoeksener fan. De skriuwster joech my it gefoel dat ik net foar dy delkommende freonen de siden mar wat om siet te slaan sadat ik altyd sizze koe dat ik it lêzen hie. Selden ha ik op sa’n bysûndere wize myn konsintraasje fêstholden: ik lies, lei it fuort, krige it opnij, lies en lei it wer fuort. It fuortlizzen waard krekt sa wichtich as it wer oppakken, as fersterken it ta-inoar-kommen en it ôfstân-nimmen inoar. Doe’t ik it út hie, fûn ik net dat ik it út hie. Eins moast ik der gewoan opnij oan begjinne – wat dan ek heech op myn ‘to do’-listke stiet.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels