Poésie paraplu #1

Twa ‘Oneminutes’ ynspirearre troch ‘frou mei oranje paraplu’ fan Tiny Mulder. As ynspiraasje foar dizze twa films brûkte Sytse Jansma it fers ‘frou mei oranje paraplu’  fan Tiny Mulder. Fral har boartlike wize fan dichtsjen hat Jansma brûkt foar beide films. It binne net ferbyldingen fan it fers, mar nije automome ien-minútfilms ûntstien troch it fers.

It fers befettet in soad muzikaliteit. It hat wat fan in Frânske sjanson. Rigels fleane maklik yn inoar oer, sels it Frysk siket kombinaasjes mei it Frânsk. De tematyk is swier, mar lichtfuottich brocht. In frou yn it grize hielal. De nitichheid fan de minsk. Mar as antwurd dêrop hat de frou in oranje paraplu. Se is net bitter. Se dûnset troch de reinende strjitten. In oranje paraplu as metafoar foar de leafde dy’t alles drage kin. Belústerje Frou mei paraplu – Tiny Mulder, ynspurtsen troch Baukje Wytsma.


Poésie paraplu #1
It sterke ritme fan it fers is wer werom te finen yn dizze film. De boppekant fan in paraplu docht him hjir foar as in soarte fan hertklep. De trije bylden boppe-oan kommunisearje mei de trije bylden ûnderoan. Bylden fan in boarst en fan in each wurde ôfwiksele. Assosjaasjes mei driging binne krekt as yn it fers oanwêzich.

Comments
Ien reaksje oan “Poésie paraplu #1”

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.