4e Oflevering FLST

De fjirde en lêste ôflevering fan it lêsbefoarderingsprojekt Fryslân lêst syn toppers giet fan start. Sintraal stiet de roman Swarte ingels  fan Willem Schoorstra, it meislepende en dramatyske ferhaal fan de ûnmooglike leafde tusken Hilbrand en Fardou, broer en suster.

Hilbrand en Fardou op twitter
Nei 1 febrewaris binne dialogen tusken Hilbrand en Fardou te folgjen op www.twitter.com, mei de nammen @FardouSwingel en @HilbrandSwingel.

Fergees eksimplaar & reagearje
Fan 7 febrewaris ôf kinne jo in fergees eksimplaar fan Swarte ingels ophelje by de bibleteek yn Boalsert, Burgum, Bûtenpost, Damwâld, De Westreen, Drachten, Feanwâlden, Gytsjerk, Hallum, It Hearrenfean, Kollum, Kollumersweach, Sint Anne, Surhústerfean en Wommels. Jo kinne jo reaksjes op it boek kwyt op www.sirkwy.nl .

Untwerpwedstryd
Oan 11 febrewaris ta kinne jo meidwaan oan de ûntwerpwedstryd fan it ‘Monumint foar de ûnmooglike leafde’.  Meidwaan stiet frij foar iderien.

Literêre jûn yn Dokkum
Op tongersdei 17 febrewaris is yn de Bibleteek fan Dokkum in literêre jûn om it boek hinne. Programma ûnder oare: fraachpetear mei de skriuwer Willem Schoorstra, muzikaal optreden Hille Stellingwerf, priisútrikking ûntwerpwedstryd, filosofyske skôging troch Bauke Zijlstra (Ljouwerter krante), foardracht troch Suzanne Quak. Presintaasje René Koster (Omrop Fryslân). Besikers krije in fergees eksimplaar fan it boek mei nei hûs.

Begjin 20:00 oere, tagong €3,50, oanmelde tel: 0519-292278 of mail nei j.brakke@bnof.nl.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.