Lang, lang, koart
Publisearre op 25 februari 2011
ERNST BRUINSMA –
Op it omslach fan dizze Moanne stiet in âlde man. It giet om Klaas Bruinsma, de ferneamde en al mear as ien kear ûnderskieden oersetter dy’t de grutte klassike literatuer nei it Frysk oerset en dêr eins syn libben foar opoffere hat. Wêrom? Sadat lettere generaasjes sjen kinne dat der serieus wurke waard yn de Fryske taal. Koartlyn waard Bruinsma 80 jier en ferskynden nije oersettingen fan syn hân: de Feroarings fan stal fan Ovidius by Steven Sterk yn wat no al – mei tank oan de boekfersoarging fan Gert Jan Slagter – in monumintale útjefte neamd wurde mei en fierder Fergút by de jonge útjouwerij Elikser fan Jitske Kingma. Fansels kin soks hielendal net, der is hast gjin publyk foar dizze titels, mar mei tank oan it mesenaat kin der aldergelokst noch in soad yn in sektor dy’t hieltyd mear te lijen hat fan de gisel fan besunigingen. Dêr hear ik trouwens, nei wat plichtmjittige proteststimmen en wat ludike manifestaasjes, noch mar in ferhipt lyts bytsje oer. It liket wol dat beliedsmakkers en kulturele ûndernimmers nei in perioade fan ûnbidige rykdom stikem ferlangje nei in perioade fan krapte om de kreativiteit wer efkes te kideljen.
In hâlding dy’t net sûnder gefaar is want yntusken leit de saneamde ‘marktcensuur’ ek yn Fryslân op de loer (sjoch de saak fan Aggie van der Meer) en it is wichtiger as oait om romte te jaan oan it drege boek, mei in grutte kulturele djipgong, of om tentoanstellingen en foarstellingen mooglik te meitsjen dy’t net fuortendaalk tûzenen besikers lûke sille. Ek dêrom stiet Klaas Bruinsma foar op de Moanne.
Fansels hearre jo as tydskrift hielendal net in âlde man op de cover te setten, sa’t wy it needlot ek opsykje troch Tryater romte te jaan om oer MacBeth te skriuwen. Lady MacBeth krige har man safier om de Skotske kening Duncan te fermoardzjen om dêrnei syn plakje op de troan yn te nimmen, mar skuldgefoelens driuwe har by eintsjebeslút ta selsmoard. It ferhaal wol dat it ûngelok bringt om dat bluodderige ferhaal fan Shakespeare by namme te neamen en dus dogge wy dat dan toch mar.
Echt healwiis is it, neffens de saneamde ‘bladendokters’, dat wy boppedat in oantal hiele lange bydragen opnimme yn dit nûmer, wylst de ‘marktcensuur’ toch echt ‘koart, koarter, koartst’ foarskriuwt. In lang ynterview mei in folslein ûnbekende frou blykt in werklik fassinearjend ferhaal op te smiten en in ‘koart’ ferhaal fan njoggen siden troch Simon Oosting, ien fan ús grutste literêre talinten, is perfoarst ek gjin wurd te lang. Dat koart en bûnich skriuwe soms tige de muoite wurdich is, bewiist as lêste ús nije kollumnist Anne Feddema. Hy sil as ‘Rasende Reporter’ fanút syn Etagewohnung in jier lang Berlynske notysjes op ús ôffjurje.
Kategory
Tags
Aggie van der Meer, Anne Feddema, ernst bruinsma, Klaas Bruinsma, MacBeth, redaksjoneel, Shakespear, Simon Oosting, Tryater
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]