In memoriam Trinus Riemersma

Yn de kommende ‘Moanne’ stean wy wiidweidich stil by it ferstjerren fan Trinus Riemersma, grut skriuwer, oprjochter fan de Koperative Utjouwerij en âld-redakteur fan Trotwaer. Dan pleatse wy ûnder oaren in tal brieven dy’t Josse de Haan him in tal jierren lyn skreaun hat. Derfan pleatse wy no ‘Brief 3’.

De redaksje

 

 

Brief 3

nije wyn past net by âlde sekken
wy moatte dy âlde sekken
hast ris oprûmje
jonge rankuneuze freonen
(út Fers 39)
Hendaye-sur-Mer, 28 april 2008

Bonsoir ami,

ik fûn fannacht in gedicht fan dy dat ik net koe. It stiet yn Argewaasje fûn-argewaasje jûn (’96). It is fers 47 en foar it earst publisearre yn Riemersma II; 26-50 (1970). Ik nim in part oer, want it hat mei myn earste brief te krijen en mei de prosessen tsjin skriuwers. Gerard van het Reve skriuwt W.F.Hermans op 13 augustus ’51 as it proses tsjin Hermans der oan sit te kommen:’…als ik je van dienst kan zijn door een of ander stuk te tekenen, allicht’.

Doesto yn ’67 yn de problemen kaamst troch dy Griffo’s fan Gau hast fan my neat heard. Dat hie twa redenen: a. ik fûn dat ik as iepenbiere jonge gjin boadskip hie oan it bysûnder ûnderwiis; b. ik hie noch hast neat skreaun en fielde my ek noch gjin skriuwer. Yn maart 1970 koe ik dat goed meitsje. Fers 47 lit my no sjen hoe djip dy agressive s.n. kristlike hâlding fan de Griffo’s dy troffen hat en hoe’t dat ‘Berufsverbot’ der ynhoude. Totalitêre represje en wraaksucht:

‘Mar as de need op ’t heechst is,
Dan is de rêding tichteby –
Dêr kraste in reed en ’n stimme rôp:
Fetsje, hoe haw ’k it mei dy?’

in sitaat is noait ferkeard

mar: jûchhei en tralala
lit de bonge lilje
want sjoch: nei in gauris
opstandich droegen lijen fan
trije jier sollisitearjen en
plm 40 kwartsjese postsegels
haw ik in baan
fierdersoan freonen
set yn set yn in nije sang
want trotwaer út de reboelje ferriisd
is striidberder as ea en
Steven Geart en Josse
huffe op ‘e tsjettel
fierdersoan freonen jawol
fierdersoan:
in nije maitiid en in nije
koperative útjowerij
(út fers 47)

It wiene foaral de Griffo’s dy’t jeiden op W.F.Hermans, J.B.Charles, J. van Tijn, A. den Doolaard, Han B. Aalberse (Bob en Daphne), Jan Wolkers, Rolf Hochhuth, Remco Campert, Henry Miller, G.K. van het Reve, dij, etc., etc. Skriuwers!

Yn Op ‘e barrikaden en der by del skriuwst: ‘Van het Reve syn skriuwerij ynteressearre my heftich. Om it wurk sels, want ik wie wei fan syn ferhalen en gedichten, mar ek om de resepsje yn strang-kristlike hoeke. Syn pleitrede wie gefundenes Fressen’.

Op side 80 fan Minskrotten-Rotminsken stiet: ‘Sis my wa’t jo god is en ik sil sizze wa’t jo binne: Van het Reve is kennelik in ezel’ (okt. ’65). Yn de roman Minskrotten-Rotminsken fiele jo it sykheljen en de gedachten fan de haadpersoan yn Op weg naar het einde. Van het Reve ferset him tsjin de mannenbroeders, do werkenst dat, hast dyn eigen ûnderfiningen mei de Griffo’s, dagest út yn dyn roman en besikest de frijheid foar de skriuwer dêr’t Hermans en Van het Reve it oer hawwe, op dyn eigen wize stal te jaan.

Yn Wat niet mocht fan Wim Hazeu (een overzicht van censuur, ernstige en minder ernstige vormen van vrijheidsbeknotting in Nederland – 1962-1971) stiet prachtich oanjûn hoe’t besocht is de ‘wylde’ jierren sechtich yn de stringen te slaan.

Doe’t ik dyn Minskrotten-Rotminsken wer lies kaam de sfear út dy tiid streekrjocht werom yn myn ûnthâld. Dyn ‘heftich ynteressearre wêzen’ yn de saak Van het Reve hie te krijen mei dyn skriuwerskip, mei dyn bestean, mei dyn posysje as kristlik skoalmaster yn in gat as Gau. De parallelly tusken Van het Reve en dy, as skriuwers, haw ik no pas sjoen:

De voorzitter wekt de vergadering op, om het bestuur
in den gebede te gedenken opdat de besluiten mogen
zijn tot Gods eer en het heil der naaste. (Notulen
ledegearkomst Kr. Nas. Skoalle Gau, 13 maart 1967)

och jonge ja wy bidde foar ’t Bestjoer
dat sa oprjocht is en sa earlik
sa fol omtinken en noed
foar de neiste
en Gods ear
dat my ûntslach jûn hat
omdat God it woe
en myn neisten út Gau
(út Fers 12)

Do fynst Minskrotten-Rotminsken ‘apart’ (by de werdruk yn 2008). Hast in swak foar dit boek, neamst it yn de 1e druk in soarte fan deiboek. Dat fyn ik ek, mar ik sjoch it ek yn de kontekst fan wat der mei skriuwers barde yn dy tiid – ik tink oan Hermans en Van het Reve.

De hite simmer (mei it ferhaal oer it doarp Blauwier) en mei de Fersen 1-25 (fergelykje Van het Reve yn Nader tot U mei 30 Geestelijke Liederen) is dyn antwurd oan de Griffo’s.

Bonne nuit, oant letter – de foarm, it eksperimint, en dan de ynhâld – dêr giet it om, groetnis út maison Maijos Baita,

Josse

Comments
4 reaksjes oan “In memoriam Trinus Riemersma”
  1. Theo Douma schreef:

    Woon in Portugal.
    Maar afstand kan rouwen niet tegenhouden.
    Hij was een bijzonder mooi mens en groot en “fanatiek/ bezeten schrijver

    Theo Douma
    Ex. Koperen Tuin / Leeuwarden

  2. josse de haan schreef:

    Moai Theo, do dere yn Portugal, ik yn Hendaye (Sud-Frankryk).
    Yn 1995 hawwe wy as Koperative Utjouwerij by dy yn de Prinsetun it 25-jierrich jubileum fierd. Greetje Bijma song doe foar it earst yn it Frysk, en do genoatest fan it toanielstik fan Trinus. De tiid haldt gjin skoft.

  3. theo schreef:

    Hoi Josse.

    Ik schaam me meer dan een beetje want ontdek NU pas je bericht.
    Mea culpa.

    Wat heerlijk dat je OOK in het zuiden van Europa zit….als ik dit eerder zou hebben gelezen dan had ik je opgezocht want we waren een paar weken geleden heeellll dichtbij Hendaye.Benieuwd hoe we zo af en toe contact kunnen houden maar als je onder eigen naam in tel.boek staat dan vind ik je wel.

    zeer hartelijke groet
    Theo

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.