• 16 september 2011

    EELTSJE HETTINGA - Juster, fjirtjin septimber, is de dichter-skriuwer en skipper en histoarikus Binne Lútsen Boarnstra (1946) yn Marrum te hôf brocht, in plak dêr’t net allinnich syn pake en beppe Eeltsje en Jantsje Holwerda lizze, mar ek syn soantsje Eeltsje Allard dy’t, krekt njoggen moanne âld, te ferstjerren kaam, doe’t Boarnsta, it wie healwei de jierren santich, tegearre mei syn frou Sietske Postma (1952-1984), [...]

  • 22 juli 2011

    REDAKSJE - Fryske skriuwers krije it hieltyd dreger. De kâns dat in útjouwer in boek oppikt, wurdt lytser en lytser. Utjouwerijen en boekhannels hawwe te krijen mei weromrinnende ferkeapen. Dêr binne meardere oarsaken foar, sa as technologyske ûntjouwingen dy't de online boekferkeap en it e-book mooglik makke ha, it grutter ferskaat oan frijetiidsmooglikheden dy't de hjoeddeistige minsk hat en dy’t mei ferantwurdlik achte wurde foar [...]

  • 21 juli 2011

    ERNST BRUINSMA - De abonnees fan de Moanne krije ein july twa ôfleveringen tagelyk yn de brievebus. Nûmer 6 giet oer boeken en literatuer en stiet fol mei besprekken, ynterviews, ferhalen en gedichten. Yn in spesjale redaksjonele bydrage gean wy yn op de fraach hokker bedrigingen Fryske skriuwers mei konfrontearre wurde, mar seker ek op de kânsen dy’t der lizze. It stik giet benammen oer [...]

  • 1 juli 2011

    JAAP KROL - Willem Schoorstra skreau in roman oer de Fryske kening Rêdbâd. Schoorstra is net benaud om delikate of beladen ûnderwerpen oan te snijen, wat him as skriuwer orizjineel makket. Syn earste roman Swarte Ingels (2004, Fedde Schurerpriis 2005) gie oer in ferbeane leafde tusken broer en sus. De opfolger De ôfrekken (2007) hannele oer in heit-soanrelaasje, dy’t foarinoar oer de homoleafde bekenne. Rêdbâd, [...]

  • 20 mei 2011

    Sytze Pruiksma en de bruorren Elmar en Remco Kuiper steane foar in hikke op it Marsumer Aldlân, dat diel útmakket fan in stikmannich greidefjilden tusken Marsum en Dronryp. “Fan hjir oant de benzinepomp oant en mei it kanaal dêre.” Remco wiist yn ’e fierte. “Sa’n 120 hektare mei rûchwei sa’n fivenfjirtich broedsjes. Tweintich ljip en foar de rest foaral skriezen, wat strânljippen en hjir en [...]

  • 14 mei 2011

    DOLF VERROEN - Begin jaren vijftig, kort voor haar dood,  verzuchtte Top Naeff: ‘Dit is de eeuw van Anna Blaman’.  Het was waar.  Geen schrijver was zo beroemd als Anna Blaman. Zeker na het verschijnen van Eenzaam Avontuur en het daarop volgende geruchtmakende schijnproces, waarin, onder leiding van Albert Helman, haar tekortkomingen als schrijver aan de kaak werden gesteld. Het was een schijnproces en een [...]

  • 7 april 2011

    Dizze bydrage is by it libben fan Trinus skreaun, doe't noch neat op ferstjerren wiisde en boppedat in wat ôfstanlike benadering fansels spriek. It is noch net de tiid om in biografy fan Trinus Riemersma te skriuwen. Dêr is de ôfstân noch net foar. Dat sa’n biografy der ienkear komt, hat alle kâns, want Riemersma is in sintrale figuer yn it Fryslân fan de ôfrûne [...]

  • 7 april 2011

    ERNST BRUINSMA - Yn 1997, yn ien fan myn alderearste bydragen oan Trotwaer, bespruts ik de bondel In fearnhûndert ferhalen fan Trinus Riemersma. Neffens my moasten dy ferhalen fral lêzen wurde as in soarte fan eksperimintearromte foar wat hy yn syn romans fierder útwurkje soe. Troch dy ferhalen waard dúdlik, sa skreau ik, hoe't alles úteinlik wol liede moast ta dy hiele bysûndere postmoderne roman [...]

  • 7 april 2011

    Understeande tekst is de oarspronklike tekst fan William Blake (skilderij) dêr't Piter Yedema in oersetting fan makke hat. Dizze oersetting is werom te lêzen yn de Moanne nûmer 3, 2011. Proverbs of Hell In seed time learn, in harvest teach, in winter enjoy. Drive your cart and your plow over the bones of the dead. The road of excess leads to the palace of wisdom. [...]