• 7 maart 2013

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 12 maart. En ditkear stean op it poadium fan de Moanne: Sjoerd Bottema en Bouke van der Hem. Oer streekliteratuer, it neisyngronisaasje-effekt, wrâldboargers, stêd en plattelân, Nederlanners, Belgen, Friezen en Turken, Nij Beets en New York, Frysksinnigens, de Fryske Beweger, de Tokkys, hurdfytsers en bûtersmokkelers, Marktplaats.nl, oarloch, echte helden, krúswurdpuzelje, leafde foar de twasylinder, motorcampings, Yndyske [...]

  • 4 maart 2013

    JAAP KROL -  Dichter, performer en muzikant Nyk de Vries is nominearre foar de J.C.Bloem-priis. de Moanne stelde him dêrom in pear pittige fragen. Wat is dyn favorite kleur? "Ik wie wol bliid mei de nominaasje, it is ek in moaie namme J.C. Bloem. Hy is hast fyftich jier fuort, mar hy wurdt noch altyd regelmjittich siteard. Ik wenje trouwens ticht yn de buert fan 'e Dapperstraat. Doe't [...]

  • 2 maart 2013

    ABE DE VRIES -    OP 'E TONGE FAN IT LÂN Op de tonge fan it lân lêst in man de krante, de siden iepenslein, as soe er op flerken. Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see, seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod. Under de spotslach fan weach en ivichheid seit healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’. Allyk brieven [...]

  • 27 februari 2013

    ERNST BRUINSMA – In see fan stilte is de Fryske oersetting fan de ferneamde Frânske novelle Le silence de la mer. Oarspronklik ferskynde dit boek oer it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch, skreaun troch Vercors (skûlnamme fan tekener en typograaf Jean Bruller) as yllegale útjefte by Les Editions de Minuit (Parys). Dizze klandestine útjouwerij waard oprjochte troch deselde Vercors en Pierre de Lescure. Dy earste [...]

  • 26 februari 2013

    Tiisdei 26 febrewaris organisearret it Melkwegtheater yn Amsterdam yn gearwurking mei SLAA it earste 5KWARTS fan dit jier. In programma fan fiif kertier mei diskear skriuwer en nominearre foar de J.C. Bloem-poëzijpriis Nyk de Vries. De jûn hat de titel ‘Go to sleep little baby’. Tegearre mei syn gasten weaget De Vries in stap oer de genregrins mei gastoptredens fan Stephanie Pan, Eefje de Visser, [...]

  • 25 februari 2013

    SITO WIJNGAARDEN -  Koartlyn ferskynde op Facebook in resinsjeside mei de titel 'Besprekstek'. In inisjatyf fan oersetter Anne Popkema. "Dit stek is ornearre om resinsjes fan Frysktalige literatuer op te finen en te pleatsen. Jim kinne sels in resinsje pleatse, ferwize nei in resinsje op in oar plak op it ynterweb, of dy resinsje hjir diele mei fermelding fan resinsint en fynplak." Sa skriuwt Popkema [...]

  • 25 februari 2013

    ALBERTINA SOEPBOER -   Tink it dy mar ris yn: bist in famke, wennest thús by heit en mem en der liket neat te rêden yn dyn libben. Mar op in dei hearst fan de buorlju datst noch ergens sân bruorren hast. Dyn heit en mem hawwe dy dat noait ferteld. Wat dochst dan? Do bliuwst net thús. Do pakst dyn koffer yn en sikest [...]

  • 13 februari 2013

    ANTINE ZIJLSTRA -  Der binne boeken der't je fuortendaliks fan glimkje moatte. Foar my is 'De Lytse Prins' sa 'n boek. En omt it yn mear as 250 talen oerset is, treffe je dit poëtyske mearke dat de Saint-Exupéry yn oarlochstiid skreau gelokkich faak. Ofrûne simmer noch, yn Frankryk. Doe net yn de foarm fan in boek, mar yn de foarm fan in 'l'attraction'. Wy [...]

  • 8 februari 2013

    ERNST BRUINSMA - Koartlyn ferskynde by útjouwerij Brumes Blondes de Nieuwe anthologie van de Nederlandse surrealistische poëzie (2012). Yn feite giet it om in nije ferzy fan de bondel Spiegel van de surrealistische poëzie in het Nederlands (1989). Alle skriuwers út de earste bondel hawwe wat minder romte krigen yn de nije edysje en der binne guon skriuwers bykaam. Wat doe, yn 1989, al bysûnder wie, is no net [...]