De Lytse Prins

ANTINE ZIJLSTRA – 

Der binne boeken der’t je fuortendaliks fan glimkje moatte. Foar my is ‘De Lytse Prins’ sa ’n boek. En omt it yn mear as 250 talen oerset is, treffe je dit poëtyske mearke dat de Saint-Exupéry yn oarlochstiid skreau gelokkich faak. Ofrûne simmer noch, yn Frankryk. Doe net yn de foarm fan in boek, mar yn de foarm fan in ‘l’attraction’. Wy wienen yn it multi-mediale attraksjepark Futuroscope yn Poitiers en ferfeelden ús. De overkill oan net al te nije technyk hie alle enerzjy opslokt. Mar dêr wie er: Le Petit Prince. Ik moast de bern omkeapje om nochris in donker hol yn, mar dêr giene wy. Op in ‘voyage merveilleux dans des mondes imaginaires’ mei in ‘alliance technologique de rêve’. En dit kear wie it wûndermoai.

Net de technyk, mar it ferhaal naam ús mei nei ûnbekende planeten, skiep(pewolkjes), de foks en de roas. Dy roas dy’t de lytse prins sa dierber wie, oant er ûntduts dat der hûnderten fan wiene. Of seach er dat ferkeard? ‘De minsken’, seit de lytse prins oan it ein fan it ferhaal, ‘krûpe yn giseltreinen, mar se witte net mear wat se sykje. Al meitsje se har noch sa drok, se draaie yn in sirkel rûn…’ ‘De minsken kweke fiiftûzen roazen yn ien tún en se fine der net wat se sykje…’ ‘En dochs koene se, wat se sykje fine yn ien inkelde roas…’ ‘Mar de eagen binne blyn’, seit de lytse prins de foks nei. ‘Moatst sykje mei it hert.’ In boadskip dêr’t ik no en dan graach oan herinnere wurd.

En no, samar ynienen, wie er der wer, dy lytse prins. Der komt in Frysktalich resinsje-eksimplaar fan ‘e planke by de nije webredaksje fan de Moanne. Dat kin mar ien ding betsjutte: de winter is foarby. It is wachtsjen op de earste roas, de titelroas… En wa wit, de earste Frysktalige animaasje of muzykteaterfoarstelling. In earste siedsje: Freark Smink spilet de oersetting fan Jacobus Smink? Mei muzyk fan it NNO of it Frysk Jeugdorkest? Ik sit op de earste rij.

De Lytse Prins fan Antoine de Saint-Exupéry (1943). Oersetting: Jacobus Quiryn Smink. Yntegrale werútjefte Elikser (2012), oarspronklike útjefte KU (1998)

Sjoch ek: http://www.futuroscope.com/attractions-et-spectacles/amusement/le-petit-prince

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.