Surrealistyske erfaring

ERNST BRUINSMA

Koartlyn ferskynde by útjouwerij Brumes Blondes de Nieuwe anthologie van de Nederlandse surrealistische poëzie (2012). Yn feite giet it om in nije ferzy fan de bondel Spiegel van de surrealistische poëzie in het Nederlands (1989). Alle skriuwers út de earste bondel hawwe wat minder romte krigen yn de nije edysje en der binne guon skriuwers bykaam.

Wat doe, yn 1989, al bysûnder wie, is no net oars: Josse de Haan is as iennichste Fryske dichter opnaam yn dizze wichtige antology. Dat koe fansels ek hast net misse mei dizze yn Fryslân unike skriuwer fan literatuer dy’t bûten de stringen falt.

In bytsje spitich oars, dat de bondel sa ûnopfallend de literatuer binnenrûgelet, by dy lytse útjouwerij fan Laurens Vancrevel sels, al desennialang in waarm pleitbesoarger fan it surrealisme yn Nederlân. Yn 1989 wie dat wol oars. Doe ferskynde in bondel dokuminten en manifesten oer surrealisme mei as titel Surrealistische ontmoetingen, wie der de reizgjende tentoanstelling De automatische verbeelding, hearde in moai boek by dy útstalling en kaam de niisneamde blomlêzing út. De tentoansteling wie doetiids ek yn Ljouwert te sjen en der waard in surrealistyske dichtersjûn organisearre ûnder lieding fan Josse de Haan, mei as gasten ûnder oaren Jan Elburg en R.R. van der Leest.

It hat dêrnei wer lang stil west rûnom it surrealisme yn Fryslân. De Haan wennet al lang yn it bûtenlân, ús beide surrealistyske skilders Hendrik Beekman en Fedde Weidema dienen ek wer oare dingen en de ‘oare literatuer’ krige hast gjin poat oan de grûn. Miskien dat Jaap Krol en Nyk de Vries der ta rekkene wurde meie. Gelokkich bleau Piter Boersma syn bysûndere romans skriuwen en makke Josse de Haan yn 2008 mei Hendrik Beekman noch de opfallende dichtbondel As wurden slipe wurde en yn 2011 ferskynde fan De Haan by Brumes Blondes ek in lyts bondeltsje ûnder de titel Rode bus in magisch landschap. Mar it hâld net oer, safolle is wol dúdlik.

Laurens Vancrevel hat dan ek gjin nije Fryske dichters sjoen dy’t yn oanmerking kamen foar opname yn de bondel. Dat hat miskien wol te krijen mei de frijwat strakke definysje fan surrealistyske poëzy dy’t hy hantearret: ‘Poëzie als surreële ervaring kan worden opgewekt door beeldende kunst, filosofisch inzicht, door inspirerende spelen, en natuurlijk ook door literaire teksten. Poëzie als literair genre dient volgens het surrealisme zo te worden gebruikt dat de surreële ervaring van meer vrijheid, meer hartstocht en meer poëzie wordt opgewekt’. My brocht it yn elts gefal op de gedachte dat it net sa gek wêze soe en meitsje ris in antology fan de Fryske tsjintradysje yn de literatuer: surrealisme en dada. Dat soe in aardich boek opsmite kinne mei in ferrassende ynhâld. It gedicht ‘Buorman Dada’ fan Ids Willemsma komt spontaan yn my op.

It moaiste gedicht fan Josse de Haan yn de blomlêzing is ‘skroat’. Wa’t syn magnum opus Piksjitten op Snyp lêzen hat, sil dit gedicht net graach misse wolle. Ik helje hjir de oarspronklike Fryske ferzy oan:

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.