Ynterview Nyk de Vries

Publisearre op 4 maart 2013

JAAP KROL – 

Dichter, performer en muzikant Nyk de Vries is nominearre foar de J.C.Bloem-priis. de Moanne stelde him dêrom in pear pittige fragen.

Wat is dyn favorite kleur?
“Ik wie wol bliid mei de nominaasje, it is ek in moaie namme J.C. Bloem. Hy is hast fyftich jier fuort, mar hy wurdt noch altyd regelmjittich siteard. Ik wenje trouwens ticht yn de buert fan ‘e Dapperstraat. Doe’t ik it hearde fan ‘e nominaasje bin ik der daliks even hinne fytst.”

Hast ek hobby’s?
“Fan ‘e oare nominearren kin ik allinnich Sylvie Marie. Ik kom har wolris tsjin by in optreden. Sy is Flaamse, komt út Gent, as ik it goed ha.”

Sjochst ek graach nei de televyzje?
“Ik bin op dit stuit oan ‘e gong mei in nije roman. It giet oer ús heit en syn generaasje, en oer de ynfloed dy’t syn generaasje hie op dy fan ús. De ‘wederopbouw’ spilet in belangrike rol, de opgeande tiid. Sy kamen út ’e earmoed fan ‘e jierren tritich, dêrnei gong it rap oan better – it koe net op, oan de jierren njoggentich ta, de rykste perioade út Nederlânske skiednis. Wat dêrnei folge hat er net mear meimakke. It koe wol op, sa witte we no.”

Hast ek lêst fan de krisis?
“Earst sil der trouwens noch in oar boekje ferksine, in lyts boekje, yn ’e saneamde Slib-rige. It is in opdracht foar de provinsje Seelân, it sil om
april hinne útkomme. It hat sa’n fjirtich siden, op A5-formaat, moai behindich, in formaat dêr’t ik wol fan hâld. It is eins in wat langer ferhaal. Ik fûn it wol moai om te dwaan. De titel is ‘Glans’ en it spilet him ôf yn ‘e tiid dat ik wurke by de Zweedse Meubelgigant, ek wol bekend as de Ikea.”

Wat is dyn favorite bist?
“De 20e april is de útrikking fan ‘e J.C. Bloempriis. It is yn Stienwyk, yn dy kontreien hat er de lêste jierren fan syn libben wenne. Ik kom der net alle dagen de lêste jierren, wol aardich om der even te sjen. Der is ek noch in optreden oan ferbûn, it wurdt sawysa wol moai tink ik.”

Op 20 april wurdt de 6e Mr. J.C. Bloem-poëzijpriis takind yn Villa Rams Woerthe yn Stienwyk.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels