Vercors – De stilte fan de see

Publisearre op 27 februari 2013

ERNST BRUINSMA –

In see fan stilte is de Fryske oersetting fan de ferneamde Frânske novelle Le silence de la mer. Oarspronklik ferskynde dit boek oer it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch, skreaun troch Vercors (skûlnamme fan tekener en typograaf Jean Bruller) as yllegale útjefte by Les Editions de Minuit (Parys). Dizze klandestine útjouwerij waard oprjochte troch deselde Vercors en Pierre de Lescure. Dy earste edysje kaam yn 1942 út, yn in oplage fan 350 eksimplaren. De Frânstalige útjefte dy’t A.A.M. Stols yn 1942 útbrocht hawwe soe, datearret yn werklikheid fan nei de befrijing.

Ik kin yn de útjefte fan útjouwerij Elikser net gewaar wurde oft Piter van der Veen by syn oersetting gebrûk make hat fan de orizjinele edysje, of fan ien fan de Nederlânsktalige edysjes.  Van der Veen giet yn in tal oantekeningen efteryn it boekje wol yn op twa fan dizze oersettingen, mar fertelt it ferhaal neffens my krekt net presys genôch. Oft dat ek jildt foar syn oerseting (‘krekt net presys genôch’) moatte oaren mar oer oardiele. Ik wol graach nochris oanjaan hoe’t de publikaasjeskiednis fan it ynfloedrike boekje De stilte der zee ferrûn is.

Begjin 1944 liet de doe noch yllegale útjouwerij De Bezige Bij in Nederlânske fertaling fan A. Wijkmark (pseud. fan Amy van Marken) printsje. Mar spitigernôch waarden de printkladden yn beslach naam troch de Gestapo en de typograaf J. Zuiderdorp en de printers G.J. Willemse en W. Geuze waarden dyselde deis noch fusilleard troch de Dútse besetter.

Yn de hongerwinter waard in twadde printing taret (325 eksimplaren) mar al gau die bliken dat dizze oersetting, makke op basis fan in Sweedske oersetting yn it moanneblêd Bonniers Litterära Magasin (febrewaris 1944), ûnrjochtmjittich wie. De Flaamske útjouwerij Manteau hie nammentlik op 6 septimber 1945 yn Parys de rjochten krigen foar in Nederlânske oersetting fan it boek. Men hie de jonge romanskriuwer Hubert Lampo op it each om dy oersetting te meitsjen: ‘Dit is een reeds classiek geworden tekst die met veel zorg zou moeten worden vertaald’. In earste fragmint fan de oersetting troch Hubert Lampo ferskynde op 14 oktober 1945 yn it ferneamde Flaamske wykblêd Zondagspost.

Wim Schouten, doe tegearre mei Geert Lubberhuizen direkteur fan De Bezige Bij, skreau hjiroer yn syn memoires: ‘Wij hadden de vertaalrechten dus niet, maar vonden gezien de populariteit, die de novelle door onze illegale uitgave had gekregen, dat wij die toch moesten hebben. Het sentiment speelde terecht een rol’. Sa net by Angèle Manteau, dy’t har ein 1945 by de ûnderhannelingen yn Brussel mei Koos Schuur en Wim Schouten, hiel saaklik opstelde: ‘Mevrouw Manteau was bepaald niet gemakkelijk en onze argumenten konden haar zakelijke benadering slechts met moeite beïnvloeden, maar het is, met de een of andere tussenoplossing, voor elkaar gekomen; wij mochten in Nederland de vertaling van Lampo gebruiken’.

Nei de oarloch soe de oersetting fan Lampo noch in pear kear werprinte wurde, mar der kaam letter ek noch in nije oersetting: De stilte van de zee, troch Frans de Haan. Wêrom’t Piter van der Veen net foar De stilte fan de see keazen hat, mar foar In see fan stilte, is my net dúdlik. Der leit yn elts gefal, liket my, in aardich ferskil yn betsjutting tusken beide titels.

Bestel it boek hjir.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels