Twa Mear As Gaiman en Pratchet!
Dyn boek sinjearje yn in boekhannel. Lange rigen foar in dis mei steapels fan dyn nije wurk, en do sitst dêr mei in lamme hân fan it krabbeljen. Sa kin it wol wer, seist nei in oere as wat, en dan nimt in assistint dy mei, in kliber folk bliuwt teloarsteld achter. De werklikheid is […]
Noorderlicht Fotomanifestatie 2012
Oant en mei 7 oktober wurdt op ferskate lokaasjes yn Fryslân de Noorderlicht fotomanifestaasje holden. Op de 19e Noorderlicht ynternasjonale fotomanifestaasje stiet, ûnder de titel Terra Cognita, de relaasje tusken minsken en natuer sintraal. Hoe ûnderfine wy as minsken de natuer en wat is de wearde dêrfan? Wy wolle werom nei de echte natuer, mar […]
Klaas Gubbels yn Museum Joure
De keunstner Klaas Gubbels is fral bekend fan syn kofjepotten, tafels en stuollen. Yn allerhanne kleuren, komposysjes, techniken en materialen komme dy objekten werom. En ek yn allerhanne gemoedstastannen. Want Gubbels ferstiet de keunst om dy objekten in siele te jaan; dûnsjende, pratende, tútsjende kofjepotten! De konsintraasje op dy ûnderwerpen makket dat de taskôger de […]
De greidegeast fan Bob Ross
Ik soe syn brave lânskipskilderijen net sa gau oan ’e muorre hingje, mar froeger seach ik op ’e tillevyzje wolris nei syn hypnoatyske skilderlessen. Bob Ross, de man mei in alderraarst afrokapsel, tsjoende yn in hânomdraai griene greiden en wetterpartijen op it kanvas en ljochte syn pinsielstreken ta mei libbenswiisheden lykas: “We don’t make mistakes, […]
Spooney World
Se libje, hawwe leaf, fjochtsje, farre, rinne, reizgje, krije bern en hawwe karakter. Om koart te gean: se libje, de saneamde ‘Spooneys’, makke troch keunstner Botas. Om dy bysûndere skepsels hinne hat Botas in hiele wrâld kreëarre, de saneamde SpooneyWorld. Oant en mei 26 maaie kin men yn ’e kunde komme mei dy wrâld, yn […]
NNT – Hamlet, 13 april
In prachtich stik, sûnder twivel. Dat witst eins al foardatst der oan begjinst. ‘Stik spilet himsels’, dat soarte fan kreten. Mar sa ienfâldich is toaniel noait. Eltse kear moatst as regisseur of spiler de striid wer oangean. Yn it ferhaal dûke, yn dat personaazje krûpe. Mar ik moat tajaan, moaiere rollen as Hamlet binne der […]
Museum Princessehof
‘Groen Geluk. Van lusthof tot volkstuin’ Tunen en keramyk hearre byinoar. Troch de ieuwen hinne binne objekten fan keramyk lykas jardinières en oare potterij brûkt om tunen op te kreazjen. Oarsom binne keramyske foarwerpen faak dekorearre mei blommepatroanen en túntafrielen. Museum Princessehof yn Ljouwert hat dat tema oangrypt om in bysûndere tentoanstelling yn te rjochtsjen. […]
Met Joran aan zee
EELCO VENEMA – Joran van der Sloot. Sa no en dan hearre we wer wat fan him. Bygelyks hoe min as hy behannele wurdt. Dan tink ik: moai. Do fertsjinnest elke minút yn dy Perûaanske hel. Nee, ferjaan is net myn grutste deugd. Dochs sjoch ik him as in mins en net as in meunster. […]
Siebe Johannes ten Cate – een Sneker impressionist in Parijs
Siebe Johannes ten Cate waard yn 1858 berne yn Snits. Mar Ten Cate wie in reizger. Ut Snits wei gie er nei de keunstakadeemje yn Amsterdam, en letter nei Antwerpen en Brussel. Doe’t er 22 wie fêstige er him yn Parys. Wurken mei ûnderwerpen as Algiers, Luzern en Londen binne oantinkens oan syn reizen. Syn […]
Hans Bayens
Op de Lindengracht yn Amsterdam stiet in byld fan skriuwer/ûnderwizer Theo Thijssen. Heal sittend op in skoalbankje bûcht er him oer nei in jonkje dat oan dat bankje te skriuwen sit. Oandacht en leafde sprekke út dat byld, út ’e eachopslach fan Thijssen. It byld is makke troch de keunstner Hans Bayens (1924 – 2003). […]