Twa Mear As Gaiman en Pratchet!

Publisearre op 6 december 2022

Dyn boek sinjearje yn in boekhannel. Lange rigen foar in dis mei steapels fan dyn nije wurk, en do sitst dêr mei in lamme hân fan it krabbeljen. Sa kin it wol wer, seist nei in oere as wat, en dan nimt in assistint dy mei, in kliber folk bliuwt teloarsteld achter. De werklikheid is gauris minder glamoureus! Net allinne begjinnende skriuwers, en grutte nammen sitte gauris iensum achter in taffeltsje en meie bliid wêze as der überhaupt ien komt.

“Wolkom by de klup”

De Amerikaanse Chelsea Banning hie dat net yn de gaten. Se twittere ferbittere oer de twa (2!) besikers dy’t op de sinjearsessy foar har debútroman Crowns and Legends ôfkamen. Wylst leafst 37 lju har opjûn hiene foar it evenemint! Se krige ferrassende reaksjes op har tweet. Margaret Atwood, 83 jier, bekend fan ûnder oaren de dystopyske roman The Handmaid’s Tale reagearre. “Wolkom by de klup. Ik hie ris in sinjearsessy dêr’t net ien kaam, behalve in gast dy’t plakbân ha moast en tocht dat ik yn de winkel wurke. :)”

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Neil Gaiman, bestsellerauteur fan ûnder oaren American Gods, koe ek meiprate. Hy wie net allinne, mar mei in oare ferneamde pinnetsjoender, Terry Pratchet, mar sels mei syn beiden wisten se de lêzers net te lokken. Der kaam net ien. “Dus do stiest al twa op ús foar”, sa besocht er Banning op te fleuren. Dy wie al aardich út de skroeven en yn de rin fan de oeren reagearren noch folle mear skriuwers. 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wie it in oprjochte klaachtweet fan in debutearjende skriuwer dy’t firaal gong, of in tûke stunt om mei help fan bekende nammen in boek te promoatsjen? Crowns and Legends fljocht wilens de winkels en depots út!

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels