De greidegeast fan Bob Ross

Ik soe syn brave lânskipskilderijen net sa gau oan ’e muorre hingje, mar froeger seach ik op ’e tillevyzje wolris nei syn hypnoatyske skilderlessen. Bob Ross, de man mei in alderraarst afrokapsel, tsjoende yn in hânomdraai griene greiden en wetterpartijen op it kanvas en ljochte syn pinsielstreken ta mei libbenswiisheden lykas: “We don’t make mistakes, we just have happy little accidents.” Of: “Everybody needs a friend, even a tree.” Om dêrnei syn kwast as troch de duvel jage ôf te seamjen.

Wêr koe syn geast no better delfarre as op ús fredige griene greidelân? Syn weropstanning yn Fryslân ha Elmar Kuiper en Mark Kooij fêstlein yn it filmprojekt De Greidegeast. It resultaat is aanst te sjen op ’e twadde edysje fan it troch Bob besiele Greidhoek’ Festival, dat ús fierders in tropfol programma mei keunst, poëzij en ûnbedoarne alternative muzyk foarset.

No moatte jo net tinke dat dat allegearre foar de poerlegrap dien wurdt. It festival wurdt droegen troch frijwilligers en stipers – boppers hjitte se – en de opbringst giet nei it iepenbliuwen fan it pleatslike swimbad. Sa’n kultureel barren is no ris letterlik grassroots en hielendal yn ’e geast fan Bob Ross silger. Krekt sa’t hy it sein ha soe: “We’re gonna make some big decisions in our little world.” No sa.

Greidhoek’ Festival, 15 septimber yn Wommels. www.greidhoekfestival.nl

Richard de Boer

Comments
Ien reaksje oan “De greidegeast fan Bob Ross”
  1. ate de boer schreef:

    Prachtig stik, Richard de Boer!! Tige!

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.