Twatalich ûnderwiis ûndersykje is belangryk

Publisearre op 5 augustus 2013

TSJOMME DIJKSTRA –

Op de Ryksuniversiteit yn Grins docht taalwittenskipper Kees de Bot mei kollega’s ûndersyk nei meartalich ûnderwiis. De Bot sjocht benammen nei it Ingelsk as twadde taal yn it fuortset ûnderwiis. Dúdlik is wol dat de útkomsten fan syn ûndersyk net sûnder mear jilde foar it Frysk as twadde ûnderwiistaal. Elke situaasje is wer oars. It makket in soad út wat bern bûten de skoalle om fan in bepaalde taal meikrije. En dat leit foar it Ingelsk wer gâns oars as foar it Frysk. Dat betsjut fuort ek dat der noch altyd in soad te ûndersykjen falt oangeande it meartalich ûnderwiis yn Fryslân.

Yn it echte begjinstadium, oan it begjin fan de jierren njoggentich, wie der mar in fiiftal twatalige skoallen dêr’t meartalich ûnderwiis probearre waard. Mar sûnt de start is it tal tto-skoallen (‘tweetalig onderwijs’) foar fuortset ûnderwiis yn in rap tempo groeid, fertelt Kees de Bot. Yntusken dogge der lanlik 120 skoallen oan mei. Ungefear tsien jier lyn hat it Europees Platform in standert ûntwikkele dêr’t yn fêstlein is oan hokker easken twatalige skoallen foldwaan moatte. Ien fan dy easken is bygelyks dat 50% fan de lessen yn de ûnderbou fan de skoallen yn it Ingelsk jûn wurde moatte. Dy standert is troch it twatalich ûnderwiis algemien akseptearre as rjochtline.

Byld fan it ûnderwiis

Rillegau nei’t it yn de belangstelling kommen wie, waard twatalich ûnderwiis al in sukses neamd. Dat barde al sa fluch dat minsken har ôffregen oft it sukses wol yn sa’n koart tiidsbestek oantoand wurde koe. Wie der hjir net sprake fan wat De Bot it Mattheus-effekt neamt? It Mattheus-effekt hâldt yn dat as der wat nijs op de merk komt, just it idee dat datjinge nij is derfoar soarget dat it yn ferhâlding te posityf ûntfongen wurdt. Om nei te gean oft dat yn it gefal fan it meartalich ûnderwiis mooglik ek bard wie, waard mei jild fan ûnder mear it Europees Platform in ûndersyksprojekt betocht dêr’t Kees de Bot en Marjolijn Verspoor har oan ferbûn hawwe: it saneamde OTTO-projekt, bedoeld om de effektiviteit fan meartalich ûnderwiis yn kaart te bringen. It doel foar Verspoor en De Bot wie om, safolle jierren nei de earste positive útkomsten, op ’e nij te ûndersykjen oft twatalich ûnderwiis bern in foarsprong jout yn in twadde taal. Se konkludearren dat de foarsprong yn Ingelsk fan de bern fan twatalige skoallen yndie noch hieltiten jildt. 

Meartalich ûnderwiis wurdt yntusken yn hieltyd mear rûnten in bekend begryp. Dat hat ek mei it folgjende te krijen: lang hienen minsken it gefoel dat it ynvestearjen yn it learen fan in twadde taal te’n koste gean soe fan de kennis en feardichheden fan immen syn earste taal. Yn resint ûndersyk is dy ferûnderstelde korrelaasje lykwols net oantoand. De Bot seit dêroer: ‘Het is namelijk zo dat je geen nieuw systeem leert als je een nieuwe taal leert. Je leert de nieuwe taal door het taalsysteem dat al ontwikkeld is verder uit te bouwen.’ En it learen fan in twadde taal liket om dy reden gjin skealik effekt te hawwen op de oare taal.

Foarbyld fan in ûndersyksprojekt

Lit ús ris in nijsgjirrich ûndersyksprojekt fan de lêste jierren besjen om noch wat mear ynsjoch yn it ûndersyk nei meartalich ûnderwiis te krijen. Yn 2007 publisearre Kees de Bot tegearre mei Marjolijn Verspoor en Eva van Rein in artikel oer taalkontakt en it learen fan Ingelsk; it artikel hie de titel Binnen- en buitenschools taalcontact en het leren van Engels. Dat artikel gie oer in ûndersyk dat niisneamde wittenskippers útfierd hienen op in reformatoaryske middelbere skoalle yn Apeldoorn, dêr’t in pear jier earder wat opfallends oan it ljocht kommen wie. Op dy skoalle (twû) hellen learlingen eineksamensifers dy’t yn alle opsichten ferlykber wienen mei dy fan oare skoallen, útsein de sifers foar it fak Ingelsk: dêr hellen de bern legere sifers foar as op oare skoallen. De ûndersyksskoalle dêr’t dat oan it ljocht kommen wie, konkludearre dat it ferskil yn de sifers foar it Ingelsk tusken dy learlingen en dy fan oare skoallen te krijen hie mei it feit dat de learlingen fan it reformatoaryske ûnderwiis op skoalle, mar ek bûten skoalle, bepaalde kontaktmooglikheden mei it Ingelsk net hienen dy’t oare bern al hienen: hja wienen troch religieuze motiven fan bepaalde Ingelsktalige ynformaasje (út films, media) ôfskerme dêr’t oare bern wol tagong ta hienen. De skoalle yn Apeldoorn gie nei oanlieding fan dy útkomst, ûnder mear om de achterstân op de iepenbiere skoallen yn te rinnen, oer op twatalich ûnderwiis (ûnderwiis yn it Nederlânsk en Ingelsk). De ûndersikers fan de universiteit yn Grins hawwe yn de perioade nei dy oergong op twatalich ûnderwiis ûndersocht hokker ferskillen der binne yn it learen en behearskjen fan it Ingelsk tusken regulier ûnderwiis en twatalich ûnderwiis en tagelyk tusken reformatoarysk en iepenbier ûnderwiis.

Undersyksútkomsten

De ûndersikers fan de universiteit ûntdutsen yn it ûndersyk dat de learlingen fan de reformatoaryske skoallen, nei’t dy op twatalich ûnderwiis oergien wienen, bettere resultaten hellen as earst. Se skoarden dêrnei op Ingelske wurdskattoetsen, skriuwfeardichheidstoetsen en op selsbeoardieling heger as bern fan reguliere reformatoaryske skoallen én sels heger as bern fan reguliere iepenbiere skoallen. De ûndersikers meaten lykwols ek dat har Ingelske nivo yn it tredde jier noch wol leger wie as dat nivo fan bern fan twatalige iepenbiere skoallen. De learlingen fan de reformatoaryske skoallen rekken op in bepaald stuit yn de rin fan de earste trije skoaljierren dochs efter op dy bern. De ûndersikers konkludearren twa dingen út de útkomsten. It earste wie dat it de reformatoaryske skoallen troch it twatalige skoalprogramma glânsryk slagge wie om mei goed ûnderwiis it missen fan kontakt mei Ingelsk fia media te kompensearjen. De twadde konklúzje fan de ûndersikers wie dat wannear’t de taalfeardigens fan learlingen heger is, de effektiviteit fan it bûtenskoalske taalkontakt ek grutter wurdt. By learlingen mei in soad bûtenskoalsk taalkontakt wurdt it nivo fan it Ingelsk op ’en doer sa dochs noch heger as by learlingen dy’t dat kontakt net hawwe. De ûndersikers besleaten har artikel mei te sizzen dat idealiter feroarings yn taalkontakt sa as dy yn dit ûndersyk ûndersocht waarden, kontinu metten wurde, dus langer as yn dit gefal bard wie.

It Frysk yn it meartalich ûnderwiis

It neamde ûndersyk lit ek sjen dat de meartalige skoallen in suksesfolle metoade ûntwikkele hawwe om der in taal by te learen. Bern op twatalige skoallen leare better Ingelsk as dy op reguliere skoallen, die bliken út it ûndersyk. Kin mei dat ûndersyk ek noch wat oer oare talen sein wurde? Oer it learen fan Frysk as in twadde taal op trijetalige skoallen yn Fryslân? As je mei de útkomsten fan it ûndersyk nei de trijetalige skoallen yn Fryslân sjogge, soenen je de hypoteze meitsje kinne dat it effekt fan it lesjaan yn it Frysk op trijetalige skoallen sa sterk noch net is as it lesjaan yn it Ingelsk op twatalige skoallen. Ommers, op trijetalige skoallen wurdt der minder lesjûn yn it Frysk as dat der op twa- en trijetalige skoallen lesjûn wurdt yn it Ingelsk. Ek is it bûtenskoalsk kontakt mei it Frysk fia media foar bern dy’t de taal net fan hús út leard hawwe sa sterk net as it kontakt dat dy bern hawwe mei it Ingelsk. De Bot is foarsichtich om de útkomsten fan syn ûndersyk nei in oare taal as it Ingelsk en nei in oare situaasje as dy fan it ûndersyk troch te lûken. Dêrfoar soe fansels eins it ûnderwiis fan de Fryske trijetalige skoallen ûndersocht wurde moatte. Op dat mêd lizze der moaie ûndersykskânsen foar studinten fan de Master Multilingualism dy’t aanst nei de simmer úteinset oan de University Campus Fryslân yn Ljouwert.

Eksperimint yn it basisûnderwiis

De Bot is yntusken alwer mei wat oars dwaande, nammentlik it eksperimint om de effektiviteit fan twatalich ûnderwiis yn it basisûnderwiis te ûndersykjen. De Bot hat dêrfoar meiwurke oan in ûndersyk dat útfierd is yn it kader fan it FliP-projekt (folút it Foreign Languages in Primary school Project). Dêryn is ûndersocht oft it goed wêze soe om meartalich ûnderwiis al yn (in betiid stadium fan) it basisûnderwiis oan te bieden. Fan it ûndersyk binne yn novimber 2012 de útkomsten presintearre yn in rapport dat oan de regearing yn De Haach oanbean is. Steatssekretaris Dekker fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip sil nei oanlieding fan it rapport de mooglikheid ûndersykje fan in eksperimint mei twatalich ûnderwiis op basisskoallen. As de eksperiminten trochgeane, dan soe it ek sa wêze kinne dat yn Fryslân eksperiminten op trijetalige basisskoallen opstart wurde, omdat dêr ek it Frysk as in ynstruktive taal brûkt wurdt. Dêrmei brekt dan wer in nije faze oan foar meartalich ûnderwiis.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels