Presintaasje blomlêzing Eeltsje Hettinga

Op 14 en 19 april presentearret dichter Eeltsje Hettinga syn dichtbondel ‘Te pearde–Te
peerde’ dy’t gearstald is nei oanlieding fan de Gysbert Japicxpriis dy’t hy wûn yn 2021.

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk
as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid
om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige
blomlêzing ‘Te pearde–Te peerde’ gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in
ynliedend essay by. It boek wurdt útjûn troch Utjouwerij DeRyp en ferskynt boppedat as
bysûndere útjefte fan kultureel tydskrift de Moanne.

De presintaasje fan de blomlêzing is op freed 14 april, de middeis om 15.30 oere yn kafee De
Freonskip yn Blauhús.

Woansdei 19 april is der yn Ljouwert in twadde presintaasje (16.00) yn kafee De Gouden Leeuw
Op beide plakken binne gastoptredens fan in tal Fryske skriuwers en dichters.

De Gouden Leeuw, pop-up kafee yn Tresoar.

Comments
Ien reaksje oan “Presintaasje blomlêzing Eeltsje Hettinga”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.