Frysk bliuwt hjoed mar ris yn de kast

Publisearre op 2 augustus 2013

PIER BERGSMA –

Op papier sjocht it der goed út. Oan prinsipes, lykas rekken hâlde mei alle bern, beskikbere boeken en materialen, gjin brek. Mar it stiet der net goed foar mei it Frysk op ús basisskoallen. Der binne oare belangen.

Ik haw in grut part fan myn bernejierren trochbrocht op it Fryske plattelân. Troch omstannichheden dy’t der net ta dogge, siet ik in pear jier op in legere skoalle yn Schiedam. Wy learden yn it earste jier lêzen mei in suterich boekje dat begûn mei ‘oo’ en ‘oom’. Eins wit ik net in soad mear fan it begjin. Noch wol dit. Yn ien fan de boekjes (of wie it in plaat dy’t oan de muorre hong?) stie in boer mei in seine. ‘Wie weet wat dit is?’ frege de juffrou. De bern wisten it net. Ik stuts de finger op. ‘Dat is in seine juffrou en dêr kinst mei meane.’ ‘Ja, dat is een zeis’, sei se, ‘en daar kun je mee maaien.’ Yn de diskusjes fan de lêste tiid oer taalefterstannen yn Fryslân haw ik dêr oan weromtocht. Je soenen sizze kinne dat ik yn ferliking mei dy Hollânske bern om my hinne in taalefterstân hie. Ik hâld it derop dat soks net it gefal wie. Taal hat ommers benammen te krijen mei ynhâld. Der binne noch altyd minsken dy’t tinke dat bern dy’t opgroeie mei twa talen dêr neidiel fan hawwe en yn de war reitsje. Miskien tinke se wol dat der te min plak yn de harsens is. De measte ûnderwizers wite better. Dus dat sil net de wichtichste reden wêze dat der op ús Fryske skoallen sa’n bytsje oan it Frysk dien wurdt.

Prinsipes

Ik tink dat de minsken foar de klasse harren lykas eltsenien liede litte troch belangen. Mar de prinsipes dan, sille jo freegje. Ommers, dêr is it ûnderwiis sterk yn. Jo hoege de skoalgidsen mar iepen te slaan om te sjen yn hokker heechdravend jargon it ûnderwizend folk de bern, learlingen en âlden dúdlik makket hoe goed at men it foar hat. It giet oer – en no mar yn ús oare rykstaal, want sa stiet it ek yn dy gidsen, dy’t allinne yn it Nederlânsk skreaun binne – ‘de veilige leeromgeving, de onderlinge verschillen en onderwijsbehoeften van ieder kind’, mar ek oer ‘managementsrapportages, groepssignalering, groepsbehandeling en ondersteuningsplannen’. It is folle net genôch en net te ferjitten stiet der fansels wat yn oer ‘hoogbegaafdheid’, want dat skynt tsjintwurdich omraak it gefal te wêzen. O ja, en hast noch fergetten: ‘Naast het Nederlands is het Fries een belangrijke taal op school’, lies ik hjir en dêr. Ik bin der wis fan dat se it miene, mar de praktyk wiist oars út. Prinsipes, moai, mar de deistige praktyk is de hurde werklikheid. Dan falt it net ta om mei alles wat yn dy gidsen stiet rekken te hâlden, al hielendal net at je noch tiid fine moatte om it fêst te lizzen yn de hjoeddeiske digitale rompslomp.

Mooglikheden en ûnmooglikheden

De oerheid freget wat langer wat mear en dêrmei krijt men in byld foarspegele dat net spoart mei wat der yn de praktyk bart. Minsken litte har ommers neist alle prinsipes liede troch de mooglikheden en ûnmooglikheden fan it deistige wurk. Alden hawwe der belang by dat harren bern goed te plak komme mei in oplieding dy’t der ta docht. De measte learlingen wolle dat ek, mar leafst mei net al te folle ynspanning. De juffen fan de basisskoallen en leararen fan it fuortset ûnderwiis dogge grif harren bêst, mar moatte sjen te oerlibjen yn it ûnderwiisgeweld dat oer harren útstoart wurdt. It is dúdlik dat it Frysk der op ’e measte skoallen mar wat byhinget. Oan it materiaal en de metoaden sil it net lizze. Us provinsjale oerheid hat der genôch jild foar útlutsen en it Taalsintrum Frysk en de Afûk jouwe prachtige dingen út. Rekken hâlde mei de ‘onderwijsbehoeften van ieder kind’ slagget net en sil nea slagje. Men hat wol wat oars oan de holle om dan ek noch rekken te hâlden mei it Frysk. Dat hat benammen te krijen mei it uterst negative optreden fan de ynspeksje fan it ûnderwiis.

Haachske sifergekte

Koartlyn kaam it Onderwijsverslag 2012 – 2013 út. In mânsk boekwurk, want dy ferslaggen wurde alle jierren grutter. No al mear as trijehûndert siden. Dêryn wurdt konstatearre dat it der aardich foarstiet mei it ûnderwiis, mar dat it noch better kin. Fansels, oars kin dy ynspeksje wol ophâlde. Wat in soad minsken net yn de gaten hawwe, is dat de ynspeksje mar in beheinde tiid hat om skoallen te besykjen. It measte wurdt dien op basis fan wat skoallen sels oanleverje. It is dus foar it grutste part in fiktive wurklikheid. It saneamde ‘risicogerichte toezicht’ hâldt yn dat men, at de papierwinkel yn oarder is, al in ein komt. At dan ek noch de saneamde opbringsten, by it basisûnderwiis de CITO eintoets, foldwaande binne, sjocht de ynspeksje net mear nei wat der yn de skoallen bart. Dan wurde skoallen troch de ynspeksje ôfrekkene op taal en rekkenjen. Us foarige opperjuffer fan ûnderwiis, minister Marja van Bijsterveldt, hie dêroer fiersichten lykas ‘de stip op de horizon’ of ‘de lat moet hoger’. Se doelde op de toetsútslaggen fan de Nederlânske taal en it rekkenjen. De Haachske sifergekte wurdt jier op jier grutter. Skoallen hawwe der sadwaande gjin inkel belang by om in soad tiid te stekken yn it Frysk. It bliuwt geregeld yn de kast lizzen.

De bêsten foar de klasse

Dat is net alles. De opliedingen ta learaar basisûnderwiis binne tsjintwurdich benammen rjochte op de praktyk. Dat is in foardiel. De studinten komme fuortendaliks yn kontakt mei it eigentlike wurk. Dochs is it trochslein. Jo moatte om foar de klasse te stean ek wat wite. Dêr ûntbrekt al te faak wat oan. Jo moatte jo boppedat ôffreegje at famkes dy’t trochstreame fan it MBU wol genôch yn ’e bouten hawwe om yn alle klassen fan de basisskoalle les te jaan. De PABU’s komme gelokkich sa stadichoan werom fan harren healwize ‘competentiegericht onderwijs’, mar de easken moatte omheech. Just foar de talen en it Frysk. Yn Finlân komme allinne de bêsten fan in akademyske oplieding foar de klasse. Dan ûntbrekt it by ús ek oan nei-oplieding. Men kin wol kursussen folgje, mar it is allegearre fierstente frijbliuwend.

Feroarjende mienskip

Skoallen en it Frysk kinne net los sjoen wurde fan maatskiplike ûntjouwingen. Troch de migraasje fanôf de midden fan de foarige ieu is de Fryske plattelânsmienskip slim feroare. In soad Friezen ferhuzen nei oare parten fan it lân, der kamen nije minsken yn de doarpen en stêden dy’t gjin Frysk praten. Mingde houliken betsjutte mar al te faak dat men de minderheidstaal farre lit. De oerheid yn Fryslân kin noch safolle jild útjaan oan de skoallen, it falt net ta om op te boksen tsjin de ‘ferhollannisearring’. Jawis, wy hawwe ús Fryske stjoerder mei radio en televyzje, it Taalsintrum Frysk, ús Fryske metoaden. Wy hawwe de Afûk, Tresoar, de Fryske Akademy, it Fryske toaniel en gean sa mar troch, mar it soe wolris net genôch wêze kinne om foar te kommen dat der op ús skoalpleinen wat langer wat mear Hollânsk praat wurdt. De Friezen sels litte it der ek by sitte.

Hoe fierder?

Wat stiet ús te dwaan. Salang’t der guonnen binne dy’t tinke dat je de tiid dy’t jo oan bygelyks it Frysk besteegje, better brûke kinne om wat oars te learen, moat der noch in soad útlein wurde. Wy libje yn in globalisearjende wrâld. Dêryn sil de Ingelske taal wichtich wêze. Fansels hearre de bern de Nederlânske taal goed te behearskjen. Mar it Frysk is yn ús provinsje de earste taal fan hûnderttûzenen minsken en it seit himsels dat it Frysk dêrom in wêzenlik part fan it ûnderwiis wêze moat. Men moat dêrom trochgean mei it opsetten fan trijetalige skoallen. De provinsje moat yn elts gefal it belied fan hjoed-de-dei kontinuearje, dat de skoallen skewield wurde mei materialen. Der moatte hege easken steld wurde oan de studinten. Wa’t yn Fryslân yn it ûnderwiis wurkje wol, soe dêrom in eksamen ôflizze moatte yn de Fryske taal. Ik bedoel: gewoan sjen en hearre litte dat jo it Frysk oan alle kanten behearskje. Dus net in ‘portfolio’of soksoarte ûnsin. Foar de sittende minsken soe men tinke kinne oan in jildlike talage at men oan dyselde easken foldocht. Fansels begjinne tsjinstanners te mekkerjen dat der dan te min studinten komme of minsken hjir net mear wurkje wolle. It soe wolris oarsom wêze kinne. Yn Finlân hawwe se de ûnderfining dat troch hege easken de oplieding oantreklik wurdt. Fryslân hat in soad te bieden. It is en bliuwt in bysûndere provinsje, just troch de eigen Fryske taal. En wat de ûnderwiisynspeksje oangiet, dy kin better ôfskaft wurde at se trochgeane op dizze wei. Se binne in bedriging foar de kwaliteit fan it ûnderwiis. Benammen yn Fryslân.

Pier Bergsma studearre nei de Kweekskoalle Nederlânske Taal- en Letterkunde. Hy wurke as direkteur fan in basisskoalle en skriuwt geregeld oer it ûnderwiis, û.o. as kollumnist fan it Friesch Dagblad.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels