Page Against the Machine: telefoan út, boek oan!

Nim in boek, in kleedsje en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature. Page Against The Machine is in ynternasjonaal barren dat lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt, om mei-inoar te genietsjen fan it lêzen. It inisjatyf […]

De lêzende mins: In wek

KAREN BIES –  “Net op it iis komme!”, warskôgje ik myn soan, krekt as Eelke Lok altyd sei tsjin de jonge ferslachjouwers as se de doar út gongen (ek by tweintich graden boppe nul). Mar ik mien it, want it is net fertroud. Boppedat lês ik op dat momint in boek dat begjint mei in […]

De oarlochsdeiboeken fan Hanny Michaelis

JOSSE DE HAAN –  Nederlânsk dichteresse by de graasje fan de ûnderdûk     Oan Hanny Michaelis –     Leave Hanny, ik bliuw yn de styl fan dyn deiboek en skriuw dy in brief. Silst him nea lêze, want do bist der sûnt 2007 net mear. We hawwe in pear kear praten, meastal by […]

Fan de njirre en syn brod    

LEO POPMA –  Lêze is in opjefte. Mear as sjen nei in skilderij, in film, harkje nei in symfony, is lêze reprodusearje. De spanningsbôge fan in roman rikt faak oer dagen. Mei ien kear lêze kin it soms net ta. Nije boeken lit ik mar gean, ik wachtsje oant oaren in roman kanoniseard ha. Dan […]

De lêzende mins

de Moanne wol koarte boekresinsjes online pleatse fan boeken dy’t in bysûndere yndruk makke hawwe op de besprekkers. Boeken dy’t wizer meitsje, dy’t dy op oare gedachten bringe of boeken dy’tst fan in bysûnder persoan kado krigen hast. De kommende 50 wiken alle kearen in nij besprek. Alle besprekken binne werom te finen yn it spesjaal dêrfoar oanmakke dossier […]

Ivige rom

SJOERD BOTTEMA –  Fan ’t simmer ferstoar de dichter Hans Vlek, tweintich jier nei it ferskinen fan syn lêste bondel. In grut part fan syn libben reizge er hinne en wer tusken ferskillende psychiatryske ynrjochtingen. Yn 2001 waard in dokumintêre oer him makke, dêr’t er him geregeld yn oerjoech oan ûnfersteanber mompeljen en tsjustere assosjaasjes. […]

De kruikenruiker

SJOERD BOTTEMA –  De bedrijven die ons land groot maakten (Gerjan Heij, Terra 2010) is in nostalgysk fotoboek dat in oersjoch jout fan bedriuwen en merken oant en mei de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Foar wa’t yn de fyftiger (en sechstiger) jierren opgroeide, is it trochblêdzjen in feest fan werkenning. Sa komt yn […]

Wylde jagers

WILLEM WINTERS –  It hat in djippe yndruk op my makke, it boek fan W.G. van de Hulst, De wilde jagers, it berneboek dat ik mei de krystdagen 1953 krige fan de ‘Zondagsschool Samuel’ op It Hearrenfean. It begjint al by de foarplaat. Ien van de wylde jagers is stroffele oer in lekke panne. Syn […]

Grutte Pier

GERRIT DE BOER –  Ik ha myn hiele libben al wat mei Grutte Pier. It ferhaal fan de Fries dy’t ús motto ‘leaver dea as slaaf’ yn de praktyk brocht. De man fan mear as twa meter mei it grutte swurd. De man dy’t, sa wurdt sein, it sintsje ‘bûter, brea en griene tsiis’, betocht […]

De trein út Gent

EPPIE DAM –  Yn 1970 wie ik santjin, âld foar myn leeftyd, en lid fan de Lêzende Mins. Jierren rûn ik op en del tusken bungalow en bibleteek, de griene barak dêr’t ik datumstimpels garre yn dichtbondels fan namme. Omdat it ek wat mei my wurde moast, reizge ik troch de wike fan Kollum nei […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.