De lêzende mins: In wek

KAREN BIES – 

“Net op it iis komme!”, warskôge ik myn soan, krekt as Eelke Lok altyd sei tsjin de jonge ferslachjouwers as se de doar út gongen (ek by tweintich graden boppe nul). Mar ik miende it, want it wie net fertroud. Boppedat lies ik op dat momint in boek dat begjint mei in iisdrama. In jonge sakket troch it iis en ferdrinkt. De earste sin fan De avond is ongemak fertelt eins al in hiel soad: “Ik was tien jaar en deed mijn jas niet meer uit.” Oan it wurd is Jas, de jongere sus dy’t nei it ûnheil fan de ferstoarne broer alles by har hâlde wol. De bûsen yn har jas wurde swier fan al it guod dat se sammelet. Se kin sels net mear poepe: “Niets wat ik niet kwijt wilde, hoefde ik vanaf nu nog te verliezen.”

 

Rijneveld skriuwt hiel byldzjend. Krekt as yn har dichtbondel Kalfsvlies tilt it yn De avond is ongemak op fan de metafoaren.

 

Jas hat in allemachtichst ferlet fan leafde en ien dy’t mei har praat. Mar heit is ûnberikber, want it iene momint razend en it oare ûnferskillich. Mem hâldt op mei iten, past net op harsels en ek net op de bern. Jas fielt wol dat it mis rint mei de famylje, dat it oars heart, mar hoe, dêr wit se har gjin ried mei. “Ik volg hen de hele dag zodat ze niet zomaar dood kunnen gaan en verdwijnen.” Se bliuwt wach en docht it ljochtje op har keamer ek pas út, as se der wis fan is dat heit en mem sliepe.

Skriuwster fan dit boek is Marieke Lucas Rijneveld. Se is 26 jier, komt út in streng grifformearde famylje en groeide op op in buorkerij. Yn in ynterview mei de Volkskrant fertelt se oer de autobiografyske eftergrûnen fan de roman. Se wie noch mar lyts, doe’t har eigen broer ferûngelokke en oer har âlders seit se: “Soms had ik liever gehad dat ze de steun niet bij God hadden gezocht maar bij mensen. Als je alles bij God neerlegt, heeft praten weinig zin, dus dat deden we thuis ook niet.”

De ferbining mei it wurk fan Jan Wolkers, dy’t ek op jonge leeftyd in broer ferlern hat, is fansels gau lein. Sa begjint it boek ek mei in gedicht fan him:

 

Er staat geschreven, ‘ik maak alle dingen nieuw!’

Maar de akkoorden zijn een waslijn van verdriet,

Messcherpe vlagen knakken het geloof

Van hem die weg wil vluchten uit dit wreed begin.

De ijzelregen geselt bloei tot glazig moes,

Een hondsvot schudt zijn pels kurkdroog in het geweld.

 

Rijneveld wol like ‘onverbiddelijk’ skriuwe as Wolkers, seit se: “Hij schreef wat hij wilde schrijven, over seks, het geloof, smerigheid, over alles.” En der is noch in oerienkomst: Rijneveld skriuwt hiel byldzjend. Krekt as yn har dichtbondel Kalfsvlies tilt it yn De avond is ongemak op fan de metafoaren. Hjir samar in pear:

‘Haar ogen liggen de laatste tijd ook dieper, zoals mijn oude, lekke voetbal steeds verder wegzinkt in de mestput.’

‘Hoe mijn vader met de hand de nek van mijn konijn zou omdraaien, zoals de dop van een fles stikstof met een kinderslot: er was maar één goede manier om het te doen.’

Hoe moai en raak ek, in fergeliking yn sawat elke alinea begjint op te fallen. Mar is dat slim? Uteinlik net want De avond is ongemak fertelt in ferhaal dat my oangrypt, kâld makket en tagelyk fol begrutsjen. Ferskriklike gebeurtenissen field troch in famke, sjoen troch de eagen fan in bern, mei dy bylden dy’t net oars binne as ‘wier’. Do leaust har, har skriuwen is gjin trúkje, mar in wize fan beswarren. It binne wurden, de skriuwster eigen. Yn har byldspraak fergeliket se libbene saken geregeld mei deade dingen, en hoe fierder ast komst yn it boek, hoe mear betsjutting as dat krijt.

It fertriet fan de âlders en de bern leit as in iisflakte oer de famylje. Hieltyd besiket Jas dy te brekken, bliuwt se sykjen nei in wek. En ek al fielde ik de kjeld fan klomphichte ôf stiloan fierder nei boppe kommen, wist ik dat dit net goed komme koe, dochs hold ik hoop oant de lêste side fan it boek. Dêr dielt Rijneveld de lêste klap út.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.