Wylde jagers

WILLEM WINTERS – 

It hat in djippe yndruk op my makke, it boek fan W.G. van de Hulst, De wilde jagers, it berneboek dat ik mei de krystdagen 1953 krige fan de ‘Zondagsschool Samuel’ op It Hearrenfean.

It begjint al by de foarplaat. Ien van de wylde jagers is stroffele oer in lekke panne. Syn pet, dêr’t er yndruk mei makke, is er kwytrekke en in ferskuorrend agressive wylde baarch komt op him ta stowen. Hoe sil dat ôfrinne?

It ferhaal is spannend. It meie dan wol wylde jagers wêze, mar se hawwe in goed hert. Se fine in ferwûne poeske, dat se meinimme om te fersoargjen. As se dokter tsjinkomme, freegje se him om rie. It boek hat foar my altyd in foarbyld west: hoe moatst skriuwe, wat binne de regels. Koart, ienfâldich en sûnder omballingen.

 

It hat in djippe yndruk op my makke, it boek fan W.G. van de Hulst, De wilde jagers, it berneboek dat ik mei de krystdagen 1953 krige fan de ‘Zondagsschool Samuel’ op It Hearrenfean.

 

Karakteristyk foar de styl fan De wilde jagers binne de werhellingen. By elk fan de trije jagers stiet in sin: ‘Pas maar op. Hij heeft een heel gevaarlijk ding op zijn rug.’ De twadde hat in gefaarlik ding ûnder syn earm, wylst de lêste in gefaarlik ding yn syn hân hat.

Yn haadstik 2 – titel ‘Sjitte! Deasjitte!’ – stiet trije kear ‘Dat stiet dapper’. Yn alle haadstikken wurde sa wurden of sinnen werhelle, wat de spanning opjaget.

Bysûnder is ek dat it hiele boek troch de wurdlidden skieden binne troch plat-te streep-kes. Yn dit gefal ferheget dat de spanning. Ik wit net oft dat noch dien wurdt by it lêzen learen. Mar yn in soad boekjes is dat wol it gefal. It waard dien om it de bern makliker te meitsjen. Ik leau net yn dy teory. Dy platte streepkes ferbrokkelje it wurdbyld, wylst modernere metoaden derfan út geane dat de by it lêzen belutsen systemen hiele brokken fan sinnen ‘pakke’. Dat lêst floeiender, platte streepkes stimulearje it gestammer by de earste lêslessen. Wûnderlik genôch belâne ik jierren letter yn in groepke ‘lêzen fan âlde hânskriften’. Dat koste behoarlik wat muoite en it gestammer wie net fan ‘e loft.

In aardige help by it lêzen learen binne de ab[c]-boeken; de c stiet tusken heakjes, want it Frysk ken gjin c oan it begjin fan in wurd [ek gjin x, ij, z]. Hiel aardich is bygelyks It abee fan Boukje [Diet Huber].

It giet derom bern te learen dat alles in namme hat, dat dy namme út letters bestiet en hoe’t dy namme klinkt. En no wurdt it dreech, want deselde letter klinkt net altyd gelyk. De o yn ‘hok’ klink oars yn ‘bok’. [Spanjerts sprekke de v út as in b, Ingelsen sizze ‘aai’ tsjin I en hear ik in Frânsman ‘waschj’ sizzen tsjin in ko?]

It ferneamde aap-noot-mies letterplankje spilet in mysterieuze rol by it fêstlizzen fan de relaasje objekt-namme-letters. It docht tinken oan dy yntrigearjende skilderijen fan René Magritte; mar by him is de fêste relaasje tusken wurd en byld wer in fraachstik wurden. Want jo sjogge in hynstekop, in klok, in kanne, in koffer, mar jo lêze: de deur, de wind, de vogel, de koffer. Wat in prachtich yngewikkeld taalspul!

Magritte is net om ‘e nocht de skilder fan de piip: DIT IS GEEN PIJP.

Der binne mear skilders dy’t tekst yn harren byldzjend wurk yntegrearje; op it iene uterste stiet Robert Indiana mei ien letter of sifer per keunstwurk. It oare uterste wurdt beset troch Hanne Darboven, dy’t gâns fjouwerkante meters folskriuwt.

ABC-boekjes liene har net allinne foar it learen fan taal, mar ek foar reklame, aspirine bygelyks:

F is fuiven. ’t Kan geen kwaad.

Neem slechts Aspirin te baat.

K betekent kougevat,

Wijl g’ Uw Aspirin vergat.

L is ’t lijden, als een vrouw

Aspirin niet nemen zou.

 

Al-ter-na-tief ABC (1970) fan Ad J. Odijk is noch altyd grappich fanwege de wurden fan de ‘nieuwe tijden’. Lykas:

‘Omturnen. Otto vindt Olga lief. Maar Olga Otto niet. Zij vindt hem een opportunistische oproerkraaier. Daarom moet hij omgeturnd worden. Omturnen, oppositie, odijk, ondernemingsraad, ombudsman, ontwikkelingsland, okee, occult, onderwijsvernieuwing, oecumene, object-art, openbaarheid, oranje.’

De prachtige yllustraasjes komme út in âld Frânsk abc-boekje dat Odijk op strjitte fûn. Ek yn âldere abc-boekjes skimerje opfettingen oer de maatskippij troch de letters hinne. By de S fan Straatvegers [1869]:

straatvegers zijn gering van stand, maar nutte lien

het past ons daarom niet om laag op hen neer te zien

 

Dat it ABC foar allerhande saken te brûken is, blykt wol út it feit dat Boekwinkeltjes dik 4000 titels jout op ABC. Fansels binne der hiel ienfâldige by, sa as dy fan Sa lear ik lêzen [FA, 1969]. Utnûgjend is dat boekje net foar bern.

Nee, dan A Beest C; Een Beestachtig Alfabet fan Anouk Johanson [2015]. Gekke tekeningen, frisse kleuren, fantastysk! It Abieboek for Fryske bern [1945] mei tekeningen fan Herman van der Heide spilet net swak by. De tekeningen binne dúdlik en kleurryk, wylst de belettering in tikje útwrydsk is.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.