Grutte Pier

GERRIT DE BOER – 

Ik ha myn hiele libben al wat mei Grutte Pier. It ferhaal fan de Fries dy’t ús motto ‘leaver dea as slaaf’ yn de praktyk brocht. De man fan mear as twa meter mei it grutte swurd. De man dy’t, sa wurdt sein, it sintsje ‘bûter, brea en griene tsiis’, betocht om Hollanners fan Friezen te skieden. En de boer út Kimswerd dy’t alles ferliest wat him leaf is en wreed op syk giet nei wraak.

It ferhaal van Pier is in leginde. We witte der eins net folle fan. En dat is goed werom te sjen yn de beide boeken dy’t de lêste jierren oer Pier ferskynt binne. Ik ha it oer ‘It krús fan de Holanner’, fan Ate Grypstra út 2012 en oer ‘Pier, de profesij fan bline Simen’, fan Willem Schoorstra fan ferline jier. Twa romans oer in rûge tiid wêryn’t it libben swier en hurd wie wie en faak net folle wurdich. De skriuwers drome fuort yn dy tiid en litte harren fantasy de frije rin.

 

Foar my noait genôch oer Grutte Pier. Mar ik sit wol mei de fraach werom’t trije Friezen trije ferskillende farianten fan it drama fan Pier sketse.

 

Noch even yn it koart if ferhaal: Grutte Pier en it doarp Kimswerd wurde oerfallen troch de Swarte Heap, in binde hiersoldaten dy’t alles plonderje wat se tsjin komme as harren dat sa útkomt. Se brâne de buorkerij fan Pier plat en fermoardzje syn frou Rints. Syn beide bêrn Gerlof en Wobbel, in jonkje en in famke, oerlibje de ramp en wurde tabetroud oan de mem fan Pier as dy it oarlochspaad op giet.

Grypstra nimt ús mei nei in neare en donkere kroech mei rûch folk dat it ferhaal fan Pier ferteld krijt troch Wijerd Jelckama, de neef fan Pier en ien fan syn legeroanfierders. Wy leare net folle oer it karakter fan Pier en oer wat hy tinkt. Mar Wijerd is in smûke ferteller en jo sjogge de dronken mannen en de hoeren yn de kroech sitten wylst Wijerd syn ferhaal docht.

Schoorstra giet fierder en sit folle tichter op Pier. Hy sketst in stammerjende en ûnwiffe reus dy’t net folle fan polityk snapt en stadichoan fersûpt yn syn bline wraak en hopeleaze frijhydsoarloch. It taalgebrûk is rûch en smoarch en de mannen en froulju dy’t yn it ferhaal foarkomme binne dat ek. Mar der is ek freonskip en waarmte sa as yn de ferhâlding fan Pier mei de hoer Aalke. Schoorstra slagget der tusken de bedriuwen troch ek noch yn om ús toch in stikje skiednis by te bringen. En oan de ein makket hy it hiel oannimlik werom’t Pier him teloarsteld en ferslein werom lûkt yn Snits en op de noch jonge leeftyd fan 40 jier stjert.

Toch foel my wat op. Beide skriuwers lûke harren net folle oan fan it meast betroubere stik fan it ferhaal, de oanfal op de plaats en de dea fan Rints. By Grypstra wurdt Rints wreed fermoarde mar oerlibbet ek Gerlof de oanfal net. Allinnich Wobbeltsje bedarret by beppe. By Schoorstra giet Rints in jier earder al dea en kostet de oanfal allinnich de feint Hamme it libben. De beide bêrn oerlibje de ramp.

Regisseur Steven de Jong wurket ek al in pear jier oan plannen foar in film mei de wurktitel ‘Leaver dea as slaaf’. De synopsis is der al. En sjoch; Ek steven hat syn eigen ynstek. By him stjerre net allinnich de frou mar ek de beide bêrn fan Pier by de oanfal fan de Swarte Heap.

Ik bin bliid mei de boeken en hoopje dat de film der ek komt. Foar my noait genôch oer Grutte Pier. Mar ik sit wol mei de fraach werom’t trije Friezen trije ferskillende farianten fan it drama fan Pier sketse. Werom is dat toch? De ferhalen wurde der net sterker of slimmer fan. Ik sjoch gean mearwearde fan de farianten. Werom moat it sa? Ik wit it net.

Toch ha ik wol in mooglik antwurd. En dat fûn ik yn it boek fan Schoorstra. Dy sketst oan de ein fan syn boek in brutsen Pier sûnder moed om noch fierder te libjen. Nei al syn striid en alle moardpartijen wit Pier op syn stjerbêd werom’t it mei de Fryske frijheidsstriid noait wat wurde sil. It leit him oan de Friezen sels ‘Friezen kinne it ûnder inoar al net iens l-l-lykfine’, seit Pier. Goed 500 jier letter is der wat dat oangiet dus noch neat feroare.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.