De oarlochsdeiboeken fan Hanny Michaelis

JOSSE DE HAAN – 

Nederlânsk dichteresse by de graasje fan de ûnderdûk

 

 

Oan Hanny Michaelis –  

 

Leave Hanny,

ik bliuw yn de styl fan dyn deiboek en skriuw dy in brief. Silst him nea lêze, want do bist der sûnt 2007 net mear.

We hawwe in pear kear praten, meastal by poëzyfestivals. Ien kear wat langer. Dat wie yn Ljouwert doe’t Operaesje Fers (de poëzytelefoan) dêr in poëzyjûn hâlde yn in winkelsaak fan De Jong op de Nijstêd. Fryske en Nederlânsktalige dichters, froulju en manlju, liezen foar. Ik genoat fan dyn fersen, fan dyn foardracht mei in wat hease stim. Rutger Kopland wie der ek, mar foar my wiesto de stjer op dy jûn.

Nei ôfrin fan de jûn hawwe we wat langer praten, oer poëzy, oer literatuer en oer de oarloch. Do moastest ûnderdûke. Ferteldest datst doe heel wat skreaun hast. Ik tocht doe datst fersen skreaun hiest, oer it ûnderdûken bygelyks en oer de oarloch.

No docht bliken datst yn dy jierren fan maaie ’40 oant de befrijing yn ’45 in deiboek byhâlden hast. Utjouwerij Van Oorschot hat ein 2016 it foarste part en yn april 2017 it twadde diel ferskine litten.

It earste diel hyt Lenteloos voorjaar – Oorlogsdagboek 1940/1941, en it twadde wurdt neamd De wereld waar ik buiten sta – Oorlogsdagboek 1942/1945. It foarste diel telt 944 siden tindruk en it twadde 1063 siden tindruk. De útjouwer hat it moai printsje litten en de boekbesoarger Nop Maas hat prachtich wurk levere.

It earste boek begjint mei in fers datst yn de oarlochsjierren skreaun hast – yn ’t koart tekenest de hele sitewaasje:

 

OORLOGSVOORJAAR

 

Lenteloos voorjaar, uw bloemen verwaaien,

regens slaan neer en de hemel is oud.

Meedogenloos cynisch schreeuwen de kraaien

haat heeft zijn nest tussen bloesems gebouwd.

 

Droomzieke ziel, laat het hunkeren varen,

tokkel niet langer de harp van uw hoop!

Een voor een springen de dierbaarste snaren;

leed en ontgoocheling nemen hun loop…

 

Zonlicht scheert langs in onrustige vlagen

bomen en mensen, zich krommend van pijn

derven het uitzicht op mildere dagen…

Lenteloos voorjaar, uw tuin werd woestijn.

 

 

 

Earlik, erudyt en poëtysk deiboek

 


Do bist letter frij kritysk west oangeande dyn deiboek, mar neffens my wie dat net noadich. Fansels, do wiest noch jong en dyn styl noch net folgroeid, mar ik haw dyn oantekens oer dyn gymnasiumtiid op it Vossius, dyn jierren datst as faam yn in hûshâlding wurkest (as Joadinne mochtest net studearje, of oars wurkje), en dyn ferslach fan dyn ûnderdûken yn de oarlochsjierren mei nocht lêzen.

Ik fyn it benammen nijsgjirrich hoesto skriuwst oer dyn ferealens op klasgenoaten en oare jonges op de middelbere skoalle – it wie de oanlieding datst in deiboek begûnst. Tagelyk wie it foar dy in oefening yn it skriuwen, yn it dwaande wêzen mei de literatuer, yn it reflektearjen op de boeken dysto lêzen hiest. Ek it neitinken oer en de ferealens op leararen is mei ynmoed beskreaun.

Do bist noch gjin tweintich en dochs bewiist dyn styl en de behearsking fan de taal datst al folle fierder bist yn dyn taalgebrûk. Ek de dichteresse yn dy krijt al betiid foarm, meidatst dyn earste fersen skriuwst. Foar elke jonge dichter moat it in stimulâns wêze te lêzen hoe’t dyn ûnwikkeling ferrûn is.

In oar faset dat my oanspruts is de kolleksje moderne boeken Nederlânske literatuer dy’t jim lêze moasten en beskriuwe. It is al hast in stúdzje Nederlânsk, of alteast in begjin dêrfan. Ek dyn ûnderskied tusken kwaliteit en kitsch hast al heel jong yn de rekken.

It is heel nijsgjirrich te lêzen hoesto stadich yn de besnijing van Simon Vestdijk komst – earst bist heel kritysk, mar nei ferrin fan tiid sjochst syn fertsjinste, benammen yn ‘e Anton Wachtersearje.

Jo kinne sizze dat dyn deiboek in soarte fan partner is dêrsto mei praatst. Foaral yn de ûnderdûkperioade. Do fertroust dy kompanjon folslein, hâldst him ek ferburgen, want nimmen hat wat te krijen mei watsto tinkst en fielst. En seker net de lju fan de grifformearde famyljes dêrsto ferskûle sietst. Prachtich fûn ik dyn tinken oer it leauwe fan dy minsken dêrsto neat mei hiest en hast. Dy gedachten fan dy doe binne ek no noch fan tapassing.

De intimiteit fan dyn deiboek joech dy de mooglikheid om út en troch te beskriuwen hoesto langest nei in soarte fan eroatysk kontakt, hoesto dan de smoar op dysels yn hiest ast dyn fingers brûktest om dyn boddy op te waarmjen. Ik haw dat selden troch in frou op sa’n teare wize beskreaun sjoen. Dyn deiboek is in literêre oanfolling op de ferhalen oer it ûnderdûken èn in oanfolling op dyn poëzy:

 

ONTWAKEN

 

Achter het open raam ontbloeit de dag.

Er ruisen populieren in het blauw.

Een vogelroep gaat juichend overstag.

Het gras is koel en glinsterend van dauw.

 

Er is een lijster die uitdagend fluit.

Voetstappen knerpen helder in ’t grind…

Nog half in slaap strekt men zijn armen uit

En geeft zich over aan de morgenwind –

 

En weet opeens hoe jong en sterk men is,

Te jong voor ochtendspleen en toekomstzorgen,

Te sterk om door het tijdelijk gemis

Aan vrijheid weerloos zich te laten worgen.

Men weet opeens, dat men niet buigen màg.

 

Achter het open raam ontbloeit de dag…

 

 

Mei in waarme groet en nochris tank foar dyn oprjochte deiboeken,

Josse de Haan – Frysk skriuwer en dichter om útens

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.