De kruikenruiker

SJOERD BOTTEMA – 

De bedrijven die ons land groot maakten (Gerjan Heij, Terra 2010) is in nostalgysk fotoboek dat in oersjoch jout fan bedriuwen en merken oant en mei de fyftiger jierren fan de foarige iuw. Foar wa’t yn de fyftiger (en sechstiger) jierren opgroeide, is it trochblêdzjen in feest fan werkenning. Sa komt yn it haadstik ‘Huis en haard’ it Tomado-rek foarby, dy tinne, lichte boekerekjes mei metalen plankjes yn itselde read, giel, blau en swart as by Dick Bruna, Gerrit Rietveld en Piet Mondriaan. Oant fier yn de jierren sechstich seagen je se oeral, se joegen in ‘moderne’ toan oan de ynrjochting fan it hûs. En de flesseslikker fansels, ek fan Tomado, om de lêste bytsjes yochert en fla út ‘e flesse te skraabjen, nergens sa’n súkses as yn ús lân, of eins allinne dêr mar en dat sil wol gjin tafal wêze.

 

Ien ding út De bedrijven die ons land groot maakten sil my lykwols bybliuwe, it ûnderskrift by in foto út 1951 fan in wurknimmer fan de Bols-fabriken.

 

En sa binne der mear dingen dy’t doe deagewoan wiene, mar dy’t men hjoed de dei amper of hielendal net mear sjocht. De Eau de Cologne, yn it Hollânsk en Frysk sa prachtich ferbastere ta ‘odeklonje’ en ‘âldeklonje’ en ek wol ienfâldichwei ‘klonje’, dat rûkersguod dêr’t ús memmen en beppes altyd in fleske fan yn harren taske hiene. De stripboekjes oer Flipje út Tiel, it reklame-ikoan fan de De Betuwe sjem, in fintsje mei in wite koksmûtse op, earmen en skonken en in liif fan reade beien. Repen fan Kwatta, buskes Buisman om de kofje wat mear smaak te jaan en gean sa mar troch. Al dy redens dy’t yn Fryslân makke waarden, fan Frisia en Nauta en Nooitgedagt yn Drylts, Batavus en Nijdam en Vonk yn en om It Hearrefean, Hoekstra en Ruiter en Zandstra út Wergea, Akkrum en De Jouwer. En al dy sigaren dêr’t wy de bantsjes fan sparren: Senator, Karel I, Velasques, Hofnar, Willem II, Uiltje, Panter en Ritmeester.

Op de foto’s fan de wurkflier sjocht men yn de sigarefabriken allinne mar manlju, mar fierder is it, ôfgeande op de foto’s yn dit boek, opfallend hoefolle froulje der yn de earste helte fan de 20e iuw en yn de jierren fyftich yn de fabryk wurken.

It tilt op fan ditsoarte fotoboeken: Het jaren 40 boek, Het jaren 50 boek, Gouden Jaren, Het dagelijks leven in de jaren 50, De jaren 50 ensfh ensfh. Men blêdet se troch en is it measte gau wer ferjitten. Ien ding út De bedrijven die ons land groot maakten sil my lykwols bybliuwe, it ûnderskrift by in foto út 1951 fan in wurknimmer fan de Bols-fabriken, in man yn in overal, mei in bolskrúk yn ’e hân, in samling lege kruken om him hinne: “De kruikenruiker bepaalt of de Bols-kruikjes nog een keer gebruikt kunnen worden.” Wa’t en wat ús lân grutmakke: de krukerûker en de flesseslikker.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.