Fan de njirre en syn brod    

LEO POPMA – 

Lêze is in opjefte. Mear as sjen nei in skilderij, in film, harkje nei in symfony, is lêze reprodusearje. De spanningsbôge fan in roman rikt faak oer dagen. Mei ien kear lêze kin it soms net ta. Nije boeken lit ik mar gean, ik wachtsje oant oaren in roman kanoniseard ha. Dan lês ik Stoner bgl. twa jier te let.

 

Adderkluwen is noch like swart as eartiids, mar it is in dokumint fan de minklike siel yn syn geswalk tusken goed en kwea. Mei beëangjende skerpte tekenet Mauriac it karakter fan de âlde pleiter yn syn tinken en dwaan.

 

Yn myn boekekast stiet wat fan ivichheid is, boeken foar in twadde kear. Sa lês ik my achterút de literatuer yn. Om ‘e riedsels dy’t achterbleaune de earste kear, om in emoasje, in oantinken. Yn sa’n boek fyn ik it deadsberjocht fan de skriuwer, in foto fan syn grêf op in reis, it tagongsbewiis ta in âlde timpel, oantekeningen oer wêr en wannear … Koartlyn lies ik Adderkluwen fan François Mauriac (Le noeud de vipères, 1932), mei Thérèse Desqueyroux, Het einde van de nacht en Le mystère Frontenac ien fan syn bekendste romans.

Mauriac (1885-1970) is in eksponint fan de (2e) Renouveau Catholique, in literêre beweging, dy’t nei de Earste  Wrâldoarloch yn Frankryk ûntstie. In kristlik-ynspirearre réaksje op it positivisme ûnder ynfloed fan Léon Bloy, dy’t in generaasje grutte skriuwers oplevere mei Bernanos, Julien Green, Peguy, Claudel, en in Europeeske diminsje krige mei Graham Greene, Werfel, Undset e.o.

Mauriac skreau romans, theater, poësy, essays en kritiken yn Le Figaro. Yn 1952 krige er de Nobelpriis. Syn romans spylje om Bordeaux hinne, yn it provinsjale fermidden fan sletten bourgeoisfamyljes en wynboeren, wêr’t famyljeskeel, stikeme sensualiteit, materialisme de achtergrûn foarmje foar de wrakseling fan de haadpersoon om út ‘de sûnde’ ta genade en befrijïng te kommen. De natûr- en sfearbeskriuwing fan de Landes aksintuearje de psychology fan syn karakters en meitsje syn boeken ûnferjitlik. Adderkluwen probearre ik foar it earst op ‘e middelbere skoalle jierren 1950. Ik wie bang foar dat boek. De wjersin brocht my by elk nij besykjen de jierren dêrnei noch net op ‘e helt. De swarte moraal, de lucht fan it kwea, de sfear fan wrok en izich swijen yn dat bedompte lânhûs fan dy famylje, it wearzge my.

Adderkluwen is it ferhaal fan de âlde, syklike strafpleiter Louis dy’t op syn bûten Calèse yn syn deiboek weromsjocht op syn libben. Syn houlik mei Isa Fondaudège is in mislearring, hy wie twadde kar. De haat tsjin syn frou, tsjin de tsjerke, de famylje, syn jildsucht en minachting foar syn bern folje syn dagen. Listich siket er wegen om frou en bern te ûntervjen ten geunste fan in ûnwettige soan, Robert, in lomperd dy’t him tsjinstiet. De âlde man giet op yn syn sinistere spul, de haat wurdt syn deugd en syn freugde, in rjochtfeardiging foar oarmans tekoart. Robert siket kontakt mei de twa wettige bern fan Louis, Hubert en Geneviève, omt er it net fertrout en it net mei syn gewisse ferienigje kin. It plan mislearret, Isa stjert bûten de oanwêzichheid fan har man dy’t troch de bern te let op ‘e hichte brocht wurdt. Louis kin net mear, hy twifelet oan syn motiven, âlde gefoelens fan berou en fersoening wurde yn him wekker. Mar de bern fertrouwe him net mear, syn haat en hebsucht binne ek yn har bewoartele. Allinne ien fan ‘e bernsbern, Janine, leaut yn ‘e oprjochtheid fan syn ynderlike bekearing. Sy fynt him op in jûn dea oer syn deiboek en smeekt har omke Hubert yn in brief om it deiboek lêze te meien, om har pake tsjin de haat fan syn bern ferdigenje te kinnen.

Adderkluwen is noch like swart as eartiids, mar it is in dokumint fan de minsklike siel yn syn geswalk tusken goed en kwea. Mei beëangjende skerpte tekenet Mauriac it karakter fan de âlde pleiter yn syn tinken en dwaan. De yntinsiteit fan it ferhaal en de sekuere, koele taal jeie je fierder it drama yn. Op it gefaar ôf dat je in ôfslach misse en werom moatte om de tsjustere paden fan in perverse geast neikomme te kinnen. Ik haw it no ek mar twa kear lêzen, om neat te missen en in misser goed te meitsjen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.