Krol yn Riga (5)

JAAP KROL –   Ik wie nei it plattelân set, want al dat fijnstof yn de noas is net altyd noflik. Ik naam dus op de gok in moarnstrein en kaam yn Lielvārde, in Letske ‘stêd’ op in oere fan Riga. Lielvārde hat noch gjin 5.000 ynwenners, mar alle plakken mei in sikehûs en gemeentehûs […]

Krol yn Riga (4)

JAAP KROL –  De dagen yn Riga fleane foarby. Ik moat bekenne dat ik sa stadichoan op it punt kom dat ik net nei hûs wol. Ik bin eins noch noait yngeand mei oare skriuwers omgien. Earst wiene wy wat ûnwennich foar inoar oer, mar yntusken besprekke wy fan alles en ha wy keet by […]

Krol yn Riga (3)

JAAP KROL –  Neffens Nederlânske mjitten wurdt it al aardich winter yn Riga. De temperatuer sakket nachts nei tusken de fiif en tsien graden ûnder nul en oerdeis komt er net heger as fiif (miskien seis). As it winter is, lykje de auto’s hurder te gean en rinne de minsken hurder oer de stoepe, as […]

Krol yn Riga (2)

JAAP KROL –  Eltse moarn stek ik de drokke strjitte oer om in moarnsbrochje te iten by in bakkerij. Dêrnei wurde wy ophelle en sitte wy om in grutte tafel yn it gebou fan de Latvian Writers Union. De sesje fan sneon bestiet foaral út it yn de kunde komme mei. As jo jo belestingjild […]

Krol yn Riga (1)

JAAP KROL –  Ik waard útnoege om nei Riga te gean, om dêr in workshop korte-ferhalen-oersette te folgjen. Dizze workshop giet út fan de organisaasje Literature Across Borders (LAF), dy’t oeral yn Europa literêre eveneminten as dizze organisearret. De dielnimmende skriuwers komme út gastlân Letlân en fierders út Tsjechië, Slowakije en Katalonië (ik soe fansels […]

Fideoblog Anne Feddema – 7

“Hagoeie! Wy binne hjoed yn Alt-Tegel en wy sille ris even kuierje…” Rin mei Feddema mei troch de bysûndere stêd Berlyn. Hjoed diel 7 yn ‘e rige ‘Op stap mei Feddema’.

Fideoblog Anne Feddema – 6

“Smûk skaadzjent beamtegrien, soenen jim wol sizze.” Anne nimt ús op Goed Freed mei nei it Sovjet Denkmal. “Ik sjoch, de wûnen komme al fan it front.” In yndrukwekkende ‘one-taker’ fan Feddema fanút it Treptower Park, Berlyn.

Fideoblog Anne Feddema – 5

Wy gean hjoed mei Anne Feddema nei it Hauptbahnhof fan Berlyn. In gygantysk bouwurk fan stiel en glês. Wy rinne mei Feddema mei fan de Currywurz-express fia de Asla-Gourmet nei de McDonalds. “Wa binne we en wêr gean we hinne, witte jim it? Ik wit it net.”

Fideoblog Anne Feddema – 4

Diskear nimt Feddema ús mei nei de Teufelsberg. Of wol; de duvelsberch. De Teufelsberg is gjin echte berch mar in keunstmjittige heuvel dy’t nei de oarloch troch de alliearden opboud is mei it pún fan it bombardearre Berlyn. Wy gean mei Anne mei…

Fideoblog Anne Feddema – 3

Diskear nimt Anne Feddema ús mei de stêd yn foar in lette sneinske lunch. Wy belânsje úteinlik mei Feddema yn Datsja, in Russyske lunchroom, dêr’t er as ien fan ‘e earsten op it terras yn it sintsje fan Berlyn sit.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.