Gedichten fan Mary Oliver: Yn ‘e bosk sliepe

Publisearre op 10 november 2022

YN ‘E BOSK SLIEPE

Ik tocht dat de ierde
my noch koe, se
naam my sa leafdefol werom, har
donkere rokken skikkend, har bûsen
fol koarstmossen en siedden. Ik sliepte
as noait earder, in stien
op it rivierbêd, neat
tusken my en it wite fjoer fan de stjerren
as myn tinzen, en se fladderen
licht as motten tusken de tûken
fan de perfekte beammen. De hiele nacht
hearde ik de lytse keninkriken om my hinne
sykheljen, de ynsekten, en de fûgels
dy’t har wurk yn it tsjuster dogge. De hiele nacht
gie ik op en del, as dreau ik yn wetter, wrakseljend
mei in skitterjend needlot. Tsjin ‘e moarntiid
wie ik op syn minst tsien kear ferdwûn
yn wat betters.

 

Mary Oliver (1935-2019), dy’t Walt Whitman as ynfloed oanhelle, stiet foaral bekend as dichter fan ûntsachlike, gauris hoopfolle, natoerobservaasjes en refleksjes. “De poëzije fan Mary Oliver is een prima remeedzje tsjin de bûtenspoarichheden fan ‘e beskaving,” neffens in besprekker fan de Harvard Review, “tsjin de drokte en it oandachtstekoart en de barokke regels fan ús sosjaal en beropsmjittich bestean. Se is in dichter fan de wiisheid en goederjouskens, har fyzje jout ús in yntime blik op in wrâld dy’t wy net makke ha.”

(Academy of American Poets)

De gedichten fan Mary Oliver binne oerset troch skriuwer en oersetter Sietske Boonstra. “Ik ha no in stikmannich fan har gedichten yn it Frysk en it Nederlânsk fertaald en soe it moai fine as mear minsken mei har wurk yn ‘e kunde komme koene. Ik tink dat der – just yn dizze tiid – ferlet is fan gedichten dy’t ynspirearje en treast en hoop biede, dy’t dy yn it hert reitsje en tichter by dysels bringe.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels