Fan Minste nei Moaiste: Nazareth

Kennedy wie krekt presidint fan de USA doe’t fjouwer skoaljonges yn it Skotske Dunfermline in band oprjochten dy’t úteinlik Nazareth hjitte sil. Dit jier ferskynde it stevige Surviving the law, album nûmer 25. Nazareth komt op freed 16 desimber nei Ljouwert! Heech tiid om de diskografy te hifkjen. In ranglist fan de MINSTE nei de MOAISTE plaat:

(*UPDATE – Ald-sjonger Dan McCafferty is op 8 novimber yn de âldens fan 76 jier stoarn.)

25. EXCERSISES (1972)
It twadde album fan de dan noch nei in eigen styl sykjende band. Spilen se op it debút noch in rûge mjuks fan pop, heavy rock & blues, hjir komme de fioelen en strikers derby. In idee fan producer Roy Thomas Baker (letter bekend fan Queen), mar de plichtmjittige middle-of-the-road folk klinkt nearne bysûnder en flopt. 

24. SNAKES ‘N’ LADDERS (1989)
De jierren tachtich binne dreech foar Nazareth, de band leveret de iene nei de oare swakke plaat ôf. Dit ûnder lieding fan gitarist en producer Manny Charlton, mar nei it beskamsume Snakes ‘n’ Ladders wurdt hy út de band set. Iepener Animals is noch in hitsje yn Dútslân, mar goed, dêr skoart knightrider-akteur David Hasselhof yn dy snuorje ek grutte hits fan itselde betinklike nivo.

23. SOUND ELIXIR (1983)

Sound Elixir klinkt as hat de rockpolysje de distortionpedalen fan de band konfiskearre. In skjinner gitaarlûd, modern foar dy jierren, stevige rock bliuwt achterwege. Sûnder sterke, ynspirearre ferskes is in samling flakke poprock it risseltaat.

22. THE CATCH (1984)
Dizze plaat is krekt sa’n ramp as de hoes tinken docht. Nazareth giet mei syn tiid mei en eksperimintearret mei alles wat in studio yn 1984 al te bieden hat. Pop en rock út blik, helaas, mei in rampsillige cover fan The Rolling Stones’ Ruby Tuesday as djiptepunt. Mar ek ien song dy’t derboppe út stekt as de Kilimanjaro oer de Serengeti: midtempo heavy rocker This month’s messiah

21. FOOL CIRCLE (1980)


Ien fan de lichtste platen fan de band, allinne Pop the silo (oer de kâlde oarloch) is heavy. Fierder aardige nûmers mei wave en reggae-ynfloeden, mar net spektakulêr. De cover fan Cocaïne (JJ Cale) is in útsjitter, past prima by de skuerpapieren stim fan sjonger Dan McGafferty. 

20. CINEMA (1986)

Cinema klinkt as hat ‘Naz’ goed harke nei it sukses yn dy snuorje fan har Amerikaanske kollega’s ZZ Top, mei synthesizers en drumcomputers. Lykwols, hjir gjin ferskes fan it kaliber Legs of Sharp dressed man.

19. BOOGALOO (1998)

In pear spekheavy nûmers (Loverman, When the lights go out) meitsje fan Boogaloo in nijsgjirrige oanfolling op it dan al grutte oeuvre. McGafferty klinkt rûger as ea. Mar titels as Party in the Kremlin (Naz wie en is populêr yn Ruslân) binne sa loen as luzen. Koartsein, in wikselfallich gehiel. 

18. PLAY ‘N’ THE GAME (1976)



In drokke tiid foar de band. Dit is de al  twadde nije elpee dy’t yn 1976 ferskynt, Dan McGafferty hat dan ek krekt in soloplaat út en der giet in Greatest Hits rûn. In oardoasis Nazareth, it sukses dat de band op dit stuit hat wurdt útmolken. Playin’ the game is wat dat oanbelanget aardich slagge, mei typyske smoute ballads, retro-boogie, en twa hardrockers yn de foarm fan Born to love en Somebody to roll, de iepeners op kant A en B. Op de hoes f.l.n.r: Pete Agnew (bas), Darrel Sweet (drums), Dan McGafferty (sang) en Manny Charlton (gitaar). 

17. NAZARETH (1971)
It debút foarmet in blaudruk foar de fierdere karjêre fan de band. Lichte en groulivige rock, pop en blues, mei it flotte Dear John en de cover fan it folkferske Morning dew as útsjitters.

16. CLOSE ENOUGH FOR ROCK ‘N’ ROLL (1976)

De earste elpee dy’t de band útbrocht yn 1976 begjint mei de klassiker Telegram, in rockpastiche oer ferskillende skiven mei de strôt fan McGafferty yn de haadrol. It libben ‘on the road’ foarmet de ynspiraasje. De rest fan de plaat is gemoedliker. Wat fierder opfalt is dat de plaat in stik minder heavy is as foargonger en boppeslach Hair of the dog. De moaie klaphoes troch ûntwerpstudio Hypgnosis is ikoanysk.

15. RAMPANT (1974)
De Skotten wolle sjen litte dat se net allinne mei covers skoare, mar ek sels hits skriuwe kinne. Dat slagget net mei Rampant. Tusken rockers Silver dollar forger en (in cover fan) Shapes of things steane foaral aardige midtempo-songs en ballads. De ‘hûsmakke’ single Shanghai’d in Shanghai flopt. Mar noflike plaat fierder.

14. BIG DOGZ (2011)
Gitarist (sûnt ‘94) Jimmy Murrison is foar it grutste part ferantwurdlik foar de muzyk op Big Dogz. It aksint leit op stevich, dan wol slepend, heavy gitaarwurk en McGafferty dy’t dêr as in ûntstutsen haaiefin trochhinne raspt, wylst Pete Agnew syn lompe oaljefant-bas delstampt. De hoes liket in (goedkeape) knypeach nei de bandklassiker Hair of the dog (sjoch fierderop).

13. SURVIVING THE LAW (2022)

De meast resinte en de hurdste plaat fan de band. Tolve stevige rockers, mei blues, punk en heavy metal-ynfloeden, foardat Surviving the law ôfslút mei it nuet oanskolperjende You made me. Dit is iennichste nûmer skreaun troch Pete Agnew, de iennichste ‘survivor’ dy’t der al sûnt 1961 noch altyd by is.

12. NO JIVE (1991)

De moaiste Nazareth-platen ha in goede balâns tusken hardrock, pop en blues en dy balâns fynt de band werom yn de jierren ’90 op No Jive. Billy Rankin is de nije gitarist, hy siet tsien jier earder ek al even by de band. Sterkere ferskes, út en troch stevich beynfloede troch Def Leppard, in wolkomme comeback.

11. ROCK ‘N’ ROLL TELEPHONE (2014)

It reizgende libben fan in band is it thema, op it lêste album mei Dan McGafferty, dy’t hjirnei fanwege sûnenssoargen mei pinsioen giet. In typyske Nazareth-plaat, mei mear klam op stevige, swiere riffs as eartiids, fan Boom Bang Bang oant God of the Mountain: rock & roll fetter as in nylhoars.

10. THE NEWZ (2008)

Nei tsien jier sûnder nije muzyk, stiet The Newz groatfol, leafst 74 minuten duorret er. Dy tiid ha de manlju goed brûkt. It is de earste mei nije drummer Lee Agnew, dy’t de oarspronklike drummer Darrel Sweet opfolge. Sweet stoar oan in hertoanfal, wylst de band yn 1999 op toernee wie in de USA. De sterke, ynspirearre muzyk is in stik heavier as foarhinne, mar dit album is ek in slachtoffer fan it saneamde ‘brickwalling’: heech folume, minder dynamyk. Dêr ha yn dizze snuorje in soad platen lest fan.

9. MOVE ME (1994)

Yn 1994 is de belangstelling foar de band nei in djiptepunt sakke en Move me ferskynt net mear oer de hiele wrâld lykas earder. In dreech te finen produkt. Mar ek in âlderwetske Nazareth, dy’t oanslút by it lûd en de styl fan de jierren santich. Hast alle ferskes komme fan gitarist Billy Rankin, dy’t hjirnei de band ferlitte sil.

8. 2XS (1982)

Fierhinne de sterkste langspiler út de jierren tachtich fan Nazareth. Der wurdt wol op twa ferskillende doelen mikt (popradio, rockfans) mar de balâns tusken kommersjeel en rûch is prima. Pakkende nûmers, en der wurdt mei de ballad Dream on sels in hitsje skoart. Noch in Fryske link: Dream on is de muzyk ûnder in reklamespotsje fan Volkswagen mei Epke Zonderland yn 2014. “De soundtrack in de vorm van Dream on van Nazareth klinkt zo gedateerd dat het verrassend goed werkt,” neffens it blog Kids en Jongeren Marketing.

7. MALICE IN WONDERLAND (1980)

In hiel oar lûd nei in tal jierren fan heavy metal-achtige platen mei stoere hoezen. Gitarist Jeff Baxter (Steely Dan) produsearre dit tagonklike poprockalbum, dêr’t sels reggae-ynfloeden op weromkomme. De ferskes sitte knap ynmekoar en Holiday wurdt noch in hitsje. Ek de ballad Heart’s grown cold krijt airplay.

6. TATTOOED ON MY BRAIN (2018)

In nije sjonger foar Nazareth? Carl Sentance nimt de posysje fan de pinsioenearre McGafferty oer. Dy wie langer as in heale iuw de stim fan Nazareth en dan moat in plaat wol hiel sterk wêze om it folk te oertsjûgjen! Tattooed… is in boppeslach. In klassike bluesy hardrock-cd, mei in soad ôfwikseling, en in soms hast punk-achtige enerzjy. Sentance hat in skerpe stim, mar is gjin kloon fan syn foargonger. Alde fans dy’t stûfsk ôfheakje, misse in topper.

5. LOUD & PROUD (1974)

Krapoan in healoere top-Nazareth. De jonge band is krekt trochbrutsen yn it Feriene Keninkryk en krijt no ynternasjonaal in foet tusken de doar mei tank oan de single This flight tonight. It is in cover fan Joni Mitchell, dy’t se klinke litte as eat fan Led Zeppelin. Fierder stean der klassikers as Teenage nervous breakdown en Turn on your receiver op. Prima seventies hardrock. De plaat duorret langer as in healoere, mar de ôfsluter, Dylan cover The ballad of Hollis brown bongelet rom 9 minuten mar wat om.

4. NO MEAN CITY (1978)

No mean city is in roman út 1935 oer it hurde libben yn it Skotske Glasgow en dy titel foarme de ynspiraasje foar dizze heavy, literêre elpee fan Nazareth. Mei in ekstra gitarist (Zal Cleminson, út de Sensational Alex Harvey Band) litte foaral it lange titelnûmer en Simple Solution (parts 1 & 2) mear nuanses en djipgong hearre. De ballad Star krijt in soad airplay, en fierder krekt in mennich simpele, ûnhuerige rockers dy’t by hollebatsers goed yn de smaak falle. 

3. EXPECT NO MERCY (1977)

Midden yn de punkeksploazje komt Nazareth mei in archetypyske Naz-plaat: heavy metal artwork, en snoeihurde gitaarrock ôfwiksele mei smoute ballads, blues & boogie, en dat allegear besiele (mar heaser as in jerk) songen troch Dan McGafferty. Opfallend  binne de dûbele basdrums yn Revenge is sweet, jierren letter in net te missen skaaimerk fan de ekstremere metal. 

2. RAZAMANAZ (1973)

Nei in toernee as iepener fan Deep Purple, binne de manlju derút: ‘fuort mei de fioelen en de strikers (sjoch ûnderoan dizze list) we smite it tenei op rûge hardrock!’ Se skriuwe in nûmer à la Deep Purple syn Speed King en neame it Razamanaz. Purple-bassist Roger Glover produsearret it nije album dat sawier hits opsmyt as Broken down angel en Bad bad boy. Hichtepunten binne heavy rockers as Alcatrazz, Sold my soul en Too bad, too sad. McGafferty besiket net mear moai te sjongen, mar lit syn stim raspe en bliksemje as sit der distortion op syn stimbannen.

1. HAIR OF THE DOG (1975)

Nei de trockbraak mei Razamanaz rint it allegear net sa’t it moat, twa jier letter is Nazareth al wer âld nijs. Gitarist Manny Charlton mei dan Hair of the dog produsearje en dat docht er fantastysk. Net allinne slingeret er sels de iene nei de oare geweldige gitaarriff oer de wrâld, it drûge lûd fan de elpee is tiidleas. Boppedat liket it as stiet de mikrofoan fan McGafferty wat sacht, dat dy moat him de longen út it liif tjirgje om boppe de band út te kommen. It risseltaat liket derop. Op de Amearikaanske ferzje stiet in cover fan Love hurts, fan The Everly Brothers, it wurdt in joekel fan in hit. Op de Europeeske ferzje stiet Guilty, in ballad fan Randy Newman. It titelnûmer, mei syn cowbell en refrein fan ‘now you’re messing with a / son of a bitch!’ is in wiere klassiker, mar harkje ek ris nei Miss Misery, Changin’ times of it ferskuorrende Beggar’s day!

ARJAN HUT

(Bestel hjir kaarten foar Olderock.)

 

Nazareth yn 2022: Jimmy Murchison, Pete Agnew, Carl Sentance en Lee Agnew.

 

Manny Charlton wie oant 1989 de gitarist fan de band. Hy ferstoar dit jier op 5 july, 80 jier âld.

 

Sons of bitches: Nazareth yn de jierren santich.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.