Gedichten fan Mary Oliver: In pear fragen dy’tst stelle kinne soest

Publisearre op 13 oktober 2022

IN PEAR FRAGEN DY’TST STELLE KINNE SOEST

Is de siel taastber, as izer?
Of is er tear en brekber, as
de wjukken fan in mot yn de bek fan de ûle?
Wa hat in siel en wa net?
Ik bliuw mar om my hinne sjen.
It gesicht fan de eland is like drôvich
as it gesicht fan Jezus.
De swan iepent har wite wjukken stadich.
Yn de hjerst nimt de swarte bear blêden mei yn it tsjuster.
De iene fraach liedt ta de oare.
Hat de siel in foarm? As in iisberch?
As it each fan in kolibry?
Hat er ien long, as de slang en de mantelskulp?
Wêrom soe ik wol in siel ha en de eamelfretter
dy’t fan har bern hâldt net?
Wêrom soe ik wol in siel ha en de kamiel net?
En trouwens, hoe sit it mei de eskdoarns?
Hoe sit it mei de blauwe iris?
Hoe sit it mei alle stientsjes, dy’t allinnich yn it moanneljocht lizze?
Hoe sit it mei roazen en sitroenen en har glânzjende blêden?
Hoe sit it mei it gers?


Mary Oliver (1935-2019), dy’t Walt Whitman as ynfloed oanhelle, stiet foaral bekend as dichter fan ûntsachlike, gauris hoopfolle, natoerobservaasjes en refleksjes. “De poëzije fan Mary Oliver is een prima remeedzje tsjin de bûtenspoarichheden fan ‘e beskaving,” neffens in besprekker fan de Harvard Review, “tsjin de drokte en it oandachtstekoart en de barokke regels fan ús sosjaal en beropsmjittich bestean. Se is in dichter fan de wiisheid en goederjouskens, har fyzje jout ús in yntime blik op in wrâld dy’t wy net makke ha.”

(Academy of American Poets)

De gedichten fan Mary Oliver binne oerset troch skriuwer en oersetter Sietske Boonstra. “Ik ha no in stikmannich fan har gedichten yn it Frysk en it Nederlânsk fertaald en soe it moai fine as mear minsken mei har wurk yn ‘e kunde komme koene. Ik tink dat der – just yn dizze tiid – ferlet is fan gedichten dy’t ynspirearje en treast en hoop biede, dy’t dy yn it hert reitsje en tichter by dysels bringe.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels