Dark side of De Moanne*

Gjin Mariah Carey. Gjin Bohemian Rhapsody.

In progrock playlist foar desimber:

DOMO ORIGATO – Yugh. Krystradio. Alle mooglike stjoerders skeakelje oer op nonstop krysthits, in einleaze werhelling fan Mariah Carey, Wham, Youp van ’t Hek — op it ritme fan slidebeltsjes, dat sels de meast fanatike smûkenspropagandisten de spui yn de wangen rint. Ut dy radio! De tsjustere tiid fan it jier, as it bûten sa ûnhuerich is, is makke om klassikers út de literatuer te lêzen en … om progrock albums te beharkjen. Komposysjes mei mear as trije wizen!  Us tips:


10. Frost* –  Milliontown (2006)

It debút fan de Britske band Frost* (lekker winterske namme) wikselet sfearfolle passaazjes ôf mei swiere metal en matematyske muzikale krêftpatseritus … wol even in útdaging. De komposysje Milliontown sels duorret 26 minuten en is basearre op it boek The Apprentice. De dea moat op syk nei in nije staazjerinner, dat is dochs in moai ferhaal foar de tsjustere dagen? Sjonger John Mitchell hat sa’n heazige stim dy’t wol tinken docht oan Peter Gabriel.

 

 

 

 

 

9. Caïro – Caïro (1994)

Net al te folle Amerikanen yn dizze list, mar Caïro mei net ûntbrekke. Hiele sfearfolle, op himsels tagonklike muzyk, mar wol lange nûmers, mei in soad toetsen, einleas útrekte gitaarklanken en in fenomenale sjonger. Se kamen út San Franscisco, en dit is it debút. Der folgen noch twa platen, ek oanrieders. In waarm wek fan progrock mei ynfloeden fan Marillion, Kansas en Emerson, Lake & Palmer. Silent Winter is in moai stik om mei te begjinnen.

 

 

 

 

 

8. Styx – Pieces of eight (1978)

Bohemian Rhapsody, we kinne it wol dreame. Wa’t ris wat oare bombastyske hardrock mei symfoanyske ynfloeden hearre wol, kin ek terjocht by de Amerikaanske wjergader fan Queen, te witten Styx. Yskâlde bombast, koarsang, oargels, flitsend gitaarwurk, dizze band út Chicago is der grut mei wurden. Pieces of Eight op in kâlde wintermoarn, as de ryp in laachje snie liket en it iis op de ruten stiet, hearlik!

 

 

 

 

 

7. Renaissance – Turn of the cards (1974)

De heldere stim fan Annie Haslam snijt as in tsjerkeklok troch it tsjuster op in tapijt fan akoestyske mearkesmuzyk … Cold is Being is basearre op Adagio yn G Mineur fan Tomaso Albinoni, letter ha The Doors it ek brûkt op har postume Jim Morrison-lp An American Prayer. In oare favoryt, Mother Russia, is opdroegen oan skriuwer Solzhenitsyn, dy’t yn ’74 de Sovjet-Uny útflechtsje moast. 

 

 

 

 

 

 

6. Marillion – Brave (1994)

It ferhaal fan in famke dat fûn waard by in brêge, mar de plysje net fertelle woe wa’t se wie, foarmet de basis foar in tjustere, djippe konseptplaat fan Marillion út Skotlân. Filmysk, ryk, wiidsk, mar tagelyk ek kjel en ôfstanlik. Ideaal op sa’n dei dat it mar in pear oerkes ljocht is en do de triennen noch yn de eagen hast fan dy swiet-mankelike krystreklames. ‘…heading for the great escape …’ 

 

 

 

 

 

5. Tiamat – Wildhoney (1994)

LSD, de natoer, okkultisme, op dit album sweeft it Sweedske Tiamat út de death metal wei in psychedelyske skimerdream yn. Maistro Jonas Edlund lit syn inerlike Pink Floyd los op dizze klassiker, de iennichste yn dizze list mei gromsang. Net in konseptplaat, mar de muzyk rint sa ynmekoar oer dat it fielt as in gehiel. Swier en traach as in gletsjer, licht en dwilerich dûnsjend as it noarderljocht. 

 

 

 

 

 

4. Riverside – Rapid Eye Movement (2007)

De rêst en waarmte yn de stim fan Mariusz Duda … as in winterherberch mei plak foar elkenien. Hy sjongt jin yn ‘e  sûs op it útstrutsen gitaarwurk fan Piotr Grudziński – in fyngefoelige snaretsjoender yn it spoar fan David Gilmour en Steve Rothery. Spitigernôch is de gitarist al in pear jier net mear ûnder ús, mar syn winterske snielûd is fêstlein op ferskate skiven fan de band Riverside út Poalen. 

 

 

 

 

3. Saga – Silent knight (1980)

Behalve de titel fan dit album, ferwizend nei in krystliet, is ek it izich koele lûd fan de Kanadeeske band Saga tige geskikt foar dizze tiid fan ’t jier. Tagonklik, melodieus, stilearre en klinysk, ja, sa komme we de nacht wol troch. Somtiden sels in bytsje funky, oh Kanada, lân fan leafde, oarder en freonlike muzyk.

 

 

 

 

 

2. Camel – Moon madness (1976)

In oar soe faaks gean foar de ynstrumintale elpee The snow goose fan in jier earder, mar dit album Moon madness is noch krekt wat smûker, wat minder iensum. Pastoraal, Britsk, romtlik en mei lichte, sniewite jazz-ynfloeden. De mankelike meldijen fan sjonger Andrew Latimer, de synthesizer’s a là Pink Floyd syn Wish you were here, dizze lûdslânskippen lykje suver yn de tiid beferzen.

 

 

 

 

 

1. Genesis – Wind and Wuthering (1976)

Hie Charles Dickens in progrockband west, dan wie er sûnder mis  … Genesis. Benammen de Genesis fan de jierren santich, sa Britsk as in kopke tee, mar miskien ek wol de hitmasine fan de jierren tachtich; kommersjeel sukses wie Dickens net frjemd. Wind and Wuthering, mei sfearfolle komposysjes as Eleventh Earl of Mar, All in a mouse’s night en Blood on the rooftops is, alle berekkenings yn acht nommen, de meast geskikte plaat foar de donkere dagen. Gitarist Steve Hackett gong nei dizze plaat solo fierder, en naam it karakteristike smûke, eigensinnige, pastorale lûd mei yn syn koffer.

 

 

 

 

———————————————————————————————————————————————————————————-

(*Dizze seleksje is generearre troch in AI-programma, ‘Mr. Roboto’. Fansels hie in minske in hiel oare kar-út makke. Wêr is bygelyks Pink Floyd? Wol neamd, tich kear oan referearre, mar net útsocht. Wy ha yn alle gefallen besocht de kompjûter alle gegevens te jaan dy’t nedich binne foar dit artikel, ynklusyf in flinke wearze yn krysthits, sadat it oanslút by de styl fan ús muzykredakteur, ynklusyf humor, flaters, ensafh.)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.