Gedichten fan Mary Oliver (slot) : De Simmerdei

DE SIMMERDEI

Wa hat de wrâld makke?
Wa hat de swan makke, en de swarte bear?
Wa hat de sprinkhoanne makke?
Dizze sprinkhoanne, bedoel ik –
dy’t út it gers tefoarskyn kaam is,
dy’t sûker út myn hân yt,
dy’t har kaken hinne en wer beweecht yn plak fan op en del –
dy’t mei har grutte gearstalde eagen om har hinne sjocht.
No tilt se har bleke ûnderearms op en wasket se har gesicht.
No klapt se har wjukken iepen en sweeft se fuort.
Ik wit net krekt wat in gebed is.
Ik wit wol hoe’tst oandacht jaan moatst, hoe’tst yn it gers
delfalle moatst, hoe’tst yn it gers knibbelje moatst,
hoe’tst leech en lokkich wêze moatst, hoe’tst troch de fjilden strune moatst,
wat ik hjoed de hiele dei dien ha.
Sis ris, wat hie ik oars dwaan moatten?
Giet net alles dea op it lêst, en te gau?
Sis ris, wat bisto fan doel
mei dyn iennichste wylde kostbere libben?

 

Mary Oliver (1935-2019), dy’t Walt Whitman as ynfloed oanhelle, stiet foaral bekend as dichter fan ûntsachlike, gauris hoopfolle, natoerobservaasjes en refleksjes. “De poëzije fan Mary Oliver is een prima remeedzje tsjin de bûtenspoarichheden fan ‘e beskaving,” neffens in besprekker fan de Harvard Review, “tsjin de drokte en it oandachtstekoart en de barokke regels fan ús sosjaal en beropsmjittich bestean. Se is in dichter fan de wiisheid en goederjouskens, har fyzje jout ús in yntime blik op in wrâld dy’t wy net makke ha.”

(Academy of American Poets)

De gedichten fan Mary Oliver binne oerset troch skriuwer en oersetter Sietske Boonstra. “Ik ha no in stikmannich fan har gedichten yn it Frysk en it Nederlânsk fertaald en soe it moai fine as mear minsken mei har wurk yn ‘e kunde komme koene. Ik tink dat der – just yn dizze tiid – ferlet is fan gedichten dy’t ynspirearje en treast en hoop biede, dy’t dy yn it hert reitsje en tichter by dysels bringe.

Comments
Ien reaksje oan “Gedichten fan Mary Oliver (slot) : De Simmerdei”
  1. Albert Schaafsma schreef:

    Hiel knappe oersetting. Ferliest neat fan it orizjineel.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.