Jezus mei opskearde nekke

ARJAN HUT – De fraach gong oer jeugdsoarch. It antwurd fan it kandidaat-riedslid wie dat al dy psychyske problemen bern inkeld oanpraat binne. Der folge wat oer it grutte korona-komplot, dêrnei yn ien sike troch nei genderidentiteit. Hoefolle genders wiene der no al net, al dy letters, wol 74 ferskillende genders! Hy lake, achteryn klapten […]

Alle doarpen in tegelgedicht fan Tigchelaar

De ôfrûne dagen hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn alle doarpen fan de gemeente mei krytspray in gedicht oanbrocht. Yn totaal hat er tsien gedichten – sawol Frysk as Nederlânsk – yn de fytstas meinommen. De gedichten binne fjouwerrigelich en passe presys op in stoeptegel, fandêr de namme fan it projekt: Tegelpoëzy.  It idee […]

Acht Fryske skriuwers winne Rely ’22

Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum), ‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert Nauta (Wergea). De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot […]

Ljouwerter literêre bank ûntbleate

Tongersdei 30 juny hat wethâlder Hein Kuiken mei it publyk de earste literêre bank fan Ljouwert ûntbleate by de Grutte of Jacobijnertsjerke. De literêre bank is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert. Dichter Sytse Jansma hat foar Ljouwert UNESCO City of Literature ynhâld jûn oan de earste literêre bank. Hy hat literatuurprojekt Sprekende stenen fan […]

Gabrielle en Arjan Bedoele it net Ferkeard

Gabrielle Terpstra (dichter by Pauper Poëzie) en Arjan Hut (Wâlddichter) binne beide frijwilliger by Slieker Film yn Ljouwert. Yn harren podcast ha se it oer boeken, muzyk en films. Harkje hjir de ôflevering fan 28 juny, mei ûnder oaren gedichten fan Preston Losack & Peter Popma, in oerflakte-analyse fan de opkomst fan it soasjalisme yn […]

Jiergong 21 // nûmer 5 // oktober 2022

haadredaksje Amarins Geveke     einredaksje Tialda Hoogeveen     redaksje Arjan Hut, Bert de Jong, Raymond Muller, Marleen Stoelwinder, Eelco Venema     oan dizze edysje wurken mei Erik Betten, Sannemaj Betten, Jacco de Boer, Tsjerk Bottema, Joane Duarte, Onno Falkena, Dirk van Ginkel, Anne Graswinckel, Jacob Haagsma, Joël Hut, Martsje de Jong, Adwin […]

WETTERREIS

(Onno-Sven Tromp) I It wetter is tsjuster as de nacht,de moanne hinget earne yn it reid.Ik bin ien kwyt dy ’t dêr sels net om frege hat.Soesto yn ‘e sleat te sliepen lizze? Ik rop om dy,mar myn stim bûcht mei it ljocht en komt net fier.Ik krûp fan ‘e wâl del en sjoch wat […]

RFK en Marilyn Monroe – In Kulferhaal

                                                                                                              […]

Twa Remy’s op kleurleaze roadtrip

ARJAN HUT – C’mon C’mon is in nije, yn swart-wyt sketten film fan de Amerikaanske regisseur Mike Mills. Mills makket ek fideoklips en ûntwerpt platehoezen, hy is û.o. ferantwurdlik foar dy fan Moon Safari en The Virgin Suïcides fan it Frânske elektroanyske duo Air. In soad ‘air’ sit der net yn dizze film, it is […]

$20 foar in Dylan Burger

ARJAN HUT – Elizabeth Street, New York, neisimmer 1971, houwerij! It is Bob Dylan, krekt werom fan it Konsert foar Bangladesh. Hy hat it oan de stôk mei in fan, AJ Weberman. Weberman is oprjochter fan it Dylan Liberation Front en bestudearret de muzikant sa yngeand dat er sels ta syn jiskebakken sit. ‘As dy […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.