Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: Wurdkar
Publisearre op donderdag, 27 april 2023 · Reagearje
Watfoar krêft hat de
taal dy ’t we brûke en de wurden dy’t we kieze? Wat as dy net strike mei ús
wearden?

Gabrielle harke dizze wiken net folle muzyk, mar in soad harkboeken wylst Arjan just in soad muzyk harke, cd’s kocht en in elpee fan City Boy (de ûncoolste rockband fan alle tiden) kado krige. Hy lêst mei in Amerikaansk aksint foar út De Wetten fan Bill Henderson, de nije roman fan Arjen Terpstra.
Ek gie Arjan nei Slieker foar de film Goodbye Stranger, dy ’t ek syn lilkens tsjin streamingstsjinsten triggerde.
Gabrielle is noch hieltyd drok mei har ôfstudearjen, mar ek mei optredens en Arjan hat mar krekt syn tocht nei de podcast oerlibbe, yn de wyldernis fan âlderein en e-bikes. We begjinne, en slute ôf, mei gedichten fan Carolina Pihelgas út Estlân dy’t koartlyn yn Ljouwert op besite wie.

Byld út millenialdrama Goodbye Stranger.