fotografy: Sietske Harkema

Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard: Nacht fan de Filosofy

Foar dizze spesjale ôflevering binne wy te gast yn Dbieb foar de Nacht fan de Filosofy!

We prate mei ferskate minsken, lykas libjende boeken mei titels as; Afgekickt, Maatschappelijk Blind en Vluchteling. In petear mei romtedichter Marjolijn van Heemstra, mei taaltinker Mounir Samuel oer wurden & wearden en foaral ek oer de sin fan it libben mar Fokke Obbema fertelt ús dêr mear oer. Mar … ha dy djippe tinkers de lêste tiid ek noch in goeie film sjoen? Ek prate we mei in âld-Jonge Denker des Vaderlands, en we hearre wat oare besikers fan de Nacht fine. Ien fan harren hat in hiel spesjaal ferske foar ús! Op de eftergrûn is it in smûk rûzjen fan minsken dy ’t delkomme, de Meisjes dûnsje oer treppen en yn de lift, en der wurdt struid mei komplimintsjes. Poëzy fan Lucebert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.