Josse Postma – I
Publisearre op 17 april 2014
Elke tekst, elk wurd bestiet út letters: sûnder letters gjin wurden, gjin ferhaal. Lykwols, yn 2014 wurdt der in soad, nee, in hiel soad lêzen fan byldskermen. Smartphones, tablets, laptops, monitoaren, televyzjes, e-readers… Digitalisearring fan taal en tekst makket dat de boustien fan taal – de letter – net mear bestiet út ien stik (hout, stien of inket) mar út pixels. Lytse fjouwerkante blokjes, dy’t gearwurkjend digitale teksten lêsber meitsje.
Ik sil de kommende moannen mei dy pixels te set. Uteinlik komt der in ynstallaasje dy’t yn 3D de letter ‘i’ foarmje sil. In 3-dimensjonaal grid, mar ik mei al ‘Ingrid’ sizze. InGrid sil sjen litte dat al dy lytse pixels prachtich binne en gearwurkje as de bêste. Mar ik begjin mei lytse stapkes: ienfâldich en earst mar even yn 2D mei papier. Sjen oft ik in ‘i’ meitsje kin.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Alfabet
It Alfabet-projekt jout keunstners en oare kreativen de mooglikheid om in letter te selektearjen en dêr in eigen foarm oan te jaan. Sa moat in [...]
Kategory: Alfabet
Ofrûne sneon 1 maart sluet de ynstjoering foar it Alfabet-projekt fan de Moanne. Mear as santich keunstners, skriuwers, foarmjouwers en oare kreativen stjoerden in plan [...]
Kategory: Alfabet
De sjuery is der út! Alle ynstjoerings foar it Alfabet-projekt binne besjoen en trochpraat. De sjuery wie ûnder de yndruk fan it nivo en de [...]