21|12 – it Alfabet-projekt

Publisearre op 27 februari 2014

It Alfabet-projekt jout keunstners en oare kreativen de mooglikheid om in letter te selektearjen en dêr in eigen foarm oan te jaan. Sa moat in nij ‘alfabet’ ûntstean. In alfabet útdrukt yn in folslein eigen lettertype. As it alfabet klear is, sil it presintearre wurde op in Moanne Live-evenemint en yn in spesjaal nûmer op papier. Mei dyn letter meisto in wurd of in sin meitsje, mar it mei ek by ien letter bliuwe. Wat foar (digitale) materialen oftst mei wurkje wolst en oftst dyn wurk ien-, twa- of trijediminsjonaal presintearrest, dêr bist hielendal frij yn.

Earst tsjinnest fóár 1 maart 2014 in koart foarstel yn by de sjuery, dêr’tst dyn oanpak en dyn kar yn taljochtest. De sjuery makket dan uterlik 15 maart syn kar bekend. De winners krije in temjittekomming yn harren materiaalkosten fan 200 euro en harren nammen wurde op dizze side bekend makke.

De oardering fan letters yn in fêste folchoarder neame wy in alfabet. In alfabet is dus de skreaune basis fan ús taal. As wy meielkoar kommunisearje op spraaknivo, meitsje wy gebrûk fan sinnen dy’t opboud binne út wurden en brûke wy wurden dy’t opboud binne út letters. Wy foarmje en foarmje, mar ferjitte mar al te faak it werklike byld. Wy kinne al prate, foardat wy lêze en skriuwe kinne. Wy leare de klanken en lûden fan ús mem. Sels by har yn ‘e búk harkje wy al en wurde wy beynfloede troch dy lûden. Mei in taal yn ‘e mûle kinne wy dy lykwols noch lang net op papier sette of fan it papier opnimme. Ear’t wy dat sa belangrike kommunikaasjemiddel leare en witte te begripen en te brûken, leare wy de basiseleminten fan de taal, de letters.

De klanken dy’t al útsprutsen binne wurde fisueel projektearre. Wy ferbine de klank fan in lûd A met syn fisuele foarm. In A kin dan lêzen wurde, mar ek beskôge wurde as in byld, omdat it byld de klank in figuer/foarm jout, dêr’t er, wannear ienkear ferbûn, net mear fan loskomt.

In A bliuwt yn ús (memme)taal in A. As wy no besykje om oare ûnbekende en skreaune talen te begripen, dan lêze wy, mei de A as A, lûke sadwaande ferbinings út wat wy yn it ferline leard hawwe en besykje te efterheljen wat it wurd betsjutte kinne soe. Ommers, wa’t ienkear út de op it earste each ‘willekeurige’ oardering fan de letters begrypt dat it om in wurd giet, en begrypt wat der efter dy skynber willekeurige folchoarder stiet, en dus in wurd lêze kin, dy kin in wurd net mear allinnich in byld wêze litte, hy sil altyd besykje om it te lêzen.

As no de letter wer isolearre fan in wurd as yndividu optreedt, dan komt it fisuele werom, sels as wy (fuortdaliks) weromtinke oan wurden dêr’t de letter yn foarkomt of mei begjinne. Wy sjogge in inkele foarm, wy kenne harren klank en harren posysje as lid fan in oanienskeakeling fan oare letters, harren oardering, de basis fan ús skrift. Sadwaande kenne wy de wiere betsjutting fan elke letter en binne wy ús bewust fan it belang derfan.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Alfabet

    Ofrûne sneon 1 maart sluet de ynstjoering foar it Alfabet-projekt fan de Moanne. Mear as santich keunstners, skriuwers, foarmjouwers en oare kreativen stjoerden in plan [...]

  • Kategory: Alfabet

    De sjuery is der út! Alle ynstjoerings foar it Alfabet-projekt binne besjoen en trochpraat. De sjuery wie ûnder de yndruk fan it nivo en de [...]

  • Kategory: Alfabet

    De sjuery hat út mear as 70 ynstjoerings en foarstellen 26 keunsterns keazen dy’t mei harren plan en letter úteinsette meie. De sjuery wie ûnder de [...]