Protte ynstjoerings Alfabet-projekt

Ofrûne sneon 1 maart sluet de ynstjoering foar it Alfabet-projekt fan de Moanne. Mear as santich keunstners, skriuwers, foarmjouwers en oare kreativen stjoerden in plan foar in letter yn. Neist in protte nasjonale ynstjoerings waarden der ek plannen út Spanje, de Feriene Steaten, Dútslân, Hongarije, Ingelân, Sina, Portugal, Estlân en Itaalje yntsjinne. De letter Z waard it minst keazen. De letters I en Y binne it populêrst. De sjuery makket uiterlik heal maart bekend wa’t mei syn letter en plan útein sette kin.

De keunstners dy’t selektearre wurde, binne fia de website fan de Moanne te folgjen yn harren wurk. Oan ’e hân fan ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen kinst it ûntstean fan harren letter fan tichtby folgje. As alle letters klear binne, sil it alfabet presintearre wurde op in Moanne-Live eksposysje. Dêrneist sil it alfabet ôfprinte wurde yn in papieren útjefte fan de Moanne.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.