• 4 september 2014

    Ja, grutte plannen. Mar no noch útfiere. Stap 1 - 1000 foto's meitsje (ja, 1000). Hjirby in koarte timelapse fan it proses. Ik, op sokken op souder, hin-en-wer fan 'pixel' nei kamera en wer werom.

  • 1 juli 2014

    Dit lytse wite blokje – de analoge pixel – sil tsjin in ferskaat oan eftergrûnkleuren de letter 'i' wurde.        

  • 26 mei 2014

    Goed, yn 2D en mei papier de letter 'i' animeare slagget dus wol. Mar, fan papierknipsels nei in houten ynstallaasje is in hiele stap. Seker foar immen as ik, mei twa linkerhannen. Earst mar even úttekenje.

  • 17 april 2014

    Elke tekst, elk wurd bestiet út letters: sûnder letters gjin wurden, gjin ferhaal. Lykwols, yn 2014 wurdt der in soad, nee, in hiel soad lêzen fan byldskermen. Smartphones, tablets, laptops, monitoaren, televyzjes, e-readers... Digitalisearring fan taal en tekst makket dat de boustien fan taal - de letter - net mear bestiet út ien stik (hout, stien of inket) mar út pixels. Lytse fjouwerkante blokjes, dy’t gearwurkjend digitale teksten lêsber meitsje. Ik [...]