‘It kin my gjin … skille’

Publisearre op 12 april 2019

GERBRICH DE JONG – 

Wat folje jo yntuïtyf yn op de puntsjes? Grutte kâns dat dat in wurd is út de taboesfear, sa as reet, hol, sek of drol. Sa’n wurd krijt yn kombinaasje mei ‘gjin’ de betsjutting ‘neat’.Wa’t seit ‘it kin my gjin hol skille’ kin ommers ek sizze ‘it kin my neat skille’. Dat lêste klinkt wol sa netsjes. Mar wa’t foar it taboewurd kiest, wol net netsjes wêze. Dy wol stoom ôfblaze. Taboewurden dûke dêrom fral op yn ynformele sitewaasjes, dêr’t fatsoen minder belangryk is. Yn skreaune taal komst se dêrtroch net sa faak tsjin, mar it ynternet foarmet dêrop in útsûndering, omdat dat in leechdrompelich poadium is foar elk dy’t wat kwyt wol:

 

die crosskarts kenne wol thus blieuwe! der is gjin fuck oan jong!!!

hihi haha ik halt net sa fon duts dus gjin ik it ek net learen!!! snap der gjin HOL fan! !!!!!

En wy ha de ballen ferstan der fan. En fierder boeit it gjin reet.

 

In syktocht op Google lit sjen dat der yn it Frysk yn alle gefallen 23 taboewurden opdûke yn sokke kombinaasjes mei ‘gjin’, dy’t ‘neat’ betsjutte. Yn alfabetyske folchoarder binne dat: bal, barst, bliksem, donder, drol, duvel, flikker, fluit, fuck, hol, kloat, kloaten, kont, kut, mallemoer, miter, moer, pest, reet, ruk, sek, skyt en soademiter. Der wurde yn it Frysk noch wol mear taboewurden brûkt, mar net al dy wurden kinne samar opdûke yn sa’n kombinaasje mei ‘gjin’. Folje mar ris ‘kul’, ‘keutel’ of ‘flomke’ yn op de puntsjes yn de titel en it bewiis is levere.

Taboewurden kinne opdield wurde yn trije kategoryen: obseniteiten, sykten en wurden dy’t by folksleauwe of religy hearre. De gewoane taalbrûker hoecht him oer dy kategoryen gelokkich net te bekroadzjen: wa’t seit dat eat him gjin moer ynteressearret, ferwiist net bewust nei de mem fan de duvel. En by ‘gjin fluit’ tinke de measten net oan in fuortplantingsorgaan.

Watfoar taboes brûke de Friezen no it leafst? Sykten yn alle gefallen net: allinnich ‘pest’ komt foar en net iens faak. Mar Friezen binne gek op obseniteiten, want dy kategory hat mei santjin stiks it grutste ferskaat. Dochs binne de wurden op it mêd fan religy en folksleauwe de winners, want dy binne it meast frekwint. De kategory hat mar fiif wurden, mar twa helje de top trije fan meast frekwinte taboewurden. Benijd nei de top trije? Underoan stiet donder, it twadde plak is foar reet en op nûmer ien stiet bliksem. Grutte kâns dat jo ien fan dy wurden yn ‘e holle hiene doe’t jo de titel fan dit stik seagen.

 

Dit stik is basearre op it ûndersyksartikel ‘Fryske taboeminimalisearders en harren gebrûksfrekwinsje’, te ferskinen yn it kommende nûmer fan Us Wurk, tydskrift foar frisistyk.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels