De IIsfoarstin – Partituer op it skerm

ELSKE SCHOTANUS – 

Yn de boppeseal fan it Tryatergebou stiet in tafel, stuollen, ien foar regisseur Ira Judskovskaja, ien foar komponist Peter Sijbenga. Oer de flier lizze kabels, der is in elektryske piano, yn in plestik kistke dat op in stoel sit in lyts knoppepaniel. ‘Ie-oe, ie-oe-ie-oe’, docht Peter. Op syn holle spegelet it helle ljocht fan de neonlampe oan ’e soudering, as er sjongt gean syn hannen troch de loft. Doe’t it libretto – de tekst – foar strjitopera ‘De iisfoarstin’ ein novimber klear wie, is er mei de komposysje te set gien. Op in middei yn jannewaris lit hy Ira it twadde en tredde part hearre.

By de tariedings op de foarstelling wurdt folop gebrûk makke fan de kompjûter. Sa stean yn de Tryaterbrosjuere foar it seizoen jannewaris – july manipulearre foto’s fan it Fries Museum, it Westerpark en de Harmonie, lokaasjes dêr’t De IIsfoarstin útfierd wurde sil. Op ien fan de yllustraasjes falt te sjen hoe’t de ûnbidich lange sleep fan de iisfoarstin oer de dyk sleept as de foarstelling fan de iene nei de oare lokaasje giet.

Ek Peter makket gebrûk fan de nijste technyske mooglikheden. Op tafel, ferbûn oan de piano, stiet syn laptop. Hy skrolt troch it libretto – bôle sûnder wat derop, neamt er it – hâld ho by in part dat troch sopraan Wiebke Goëtjes brocht wurde sil en iepenet de partituer. ‘Zij kan heel ver, heel hoog’, seit er, mei bewûnderinmg yn syn stim. Oer it skerm rint, mei de noaten mei, fertikaal in blauwe streek. Peter sjongt, hiel út en troch núnderet Ira mei him mei. Dan wer is hy Wiebke Goëtjes, dan wer tenor Albert Bonnema of it koar. ‘Dit is een koording heb ik tegen Tjalling gezegd’, merkt er op. Tjalling, dat is Tjalling Wijnstra, de dirigint dy’t alle wiken mei hûndert koarleden oefenet. Ira en Peter freegje har ôf oft hy tidens de foarstelling miskien earkes yn ha moat. It ûnderwerp wurdt ferskood nei it produksjeoerlis dat in dei letter plakfine sil.

Peter wiist. ‘En dan nu de sopranen. En de bloemenvrouw, zij heeft allemaal vogeltjes in zich.’ As it fan ‘prrt’ giet, lit Ira lit in klatterjende laits hearre. ‘En dan kan ze door naar de lente. Ie-ie-hihi’, klinkt it yl. Peter slacht inkelde toetsen oan. Ira: ‘En dan het koor hierna?’ Peter: ‘Nee, het koor zit er onder.’

Dan wer is der in fraach, in opmerking, ideeën komme op. ‘Wat zou er gebeuren als je haar laat begeleiden door een merel? Er is een site met vogelgeluiden.’ As Ira de romte ferlit om de iphone te heljen, freegje ik hokker programmatuer Peter brûkt. It is MuseScore en – dêr is Ira al werom – thús sykje ik it op: Create, play and print beautiful sheet music. It giet om elektroanyske files dy’t, yn Peter syn wurden, wat ‘ijzeren heinig’ klinke. Sa net syn sjongen. De hannen stil no, is er Gerda, it famke dat har buorjonge Kay, dy’t troch de iisfoarstin mei nei har paleis fierd is, siket, mar ûnderweis allegeduerigen opholden wurdt. ‘Wat is it hjir moai, wat wol in minske noch mear’, klinkt it troch de Tryaterseal as it om in sêne, dy’t yn it Westerpark spylje sil, giet. Kopkes skowe oer de tafel. ‘Als je hier het eiland hebt, met de bloemenvrouw erop…’ Ping, docht de piano, ‘en dan zijn we weer aan Albert toe’, ping-ping, ‘en dat is dan hélemaal alléén Albert.’

Yn earste ynstânsje hie it de bedoeling west dat Albert Bonnema him fanút in prachtige hege beam hearre litte soe, mar de beam sneuvele yn de desimberstoarm. ‘Kaukasische kruidnoot vervangen door heldentenor’, grapket Peter mar algau is de toan wer serieus en giet it praten giet oer yn in sjongen: ‘Walgelijk… Zal ik je schaduw zijn…’ Ira harket fol oandacht. ‘Mooi hoor, heel goed’, knikt se foldien.

Tidens Peter en Ira har sesje wurdt fan alles en noch wat betocht, oerlein en op elkoar ôfstimd. Oft it koar al as net meirint nei de folgjende lokaasje: de Dominikustsjerke, it simmkerpaleis fan de prins en de prinsesse. It giet oer parten fan de muzyk dy’t ‘sellen’ foarmje dy’t in lineêre folchoarde ha, mar werhelle wurde kinne as it publyk noch ûnderweis is, de foarstelling achternei. En miskien is it in idee is om, as de minsken nei de tsjerke rinne, fanút ien fan de huzen muzyk opklinke te litten of de stim fan in bern dat net op bêd wol, want ‘mèhèm, it is noch hielendal ljocht’, lûden dy’t de taskôgers deroan herinnerje sille: ‘O ja, wy binne hjir, op dit plak, yn ’e stêd.’

 

Sjoch ek de Moanne nûmer 1 foar in fraachpetear mei regisseur Ira Judkovskaja oer ‘De IIsfoarstin’.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.